Hoofdtekst
Wy hienen yn Eastemar in minne skuonmakker. Ik hie in pear nije skuon, dêr moest hwat oan gebeure, dêrom gong ik der mei nei Burgum ta.
Ik frege de skuonmakker: "Hwannear kin 'k se wer krije?"
"Mei fjirtsjin dagen", sei de skuonmakker.
Nei twa wiken fytste ik wer nei Burgum ta.
"Binne de skuon klear?" sei 'k.
"Omtrint," sei de skuonmakker, "jo matte even wachtsje. Der matte noch in pear nije fiters yn."
Wylst kom der in jonge yn. "Moarn," sei dy, "ik woe wol in pear fiters ha."
"Moarn Sjouke," sei de skuonmakker. "Dat kin gebeure. Hoe is 't mei dy?"
"Ik ha pine yn 'e bek", sei Sjouke.
"Dat kinst wol in bytsje fatsoenliker sizze, net?" sei de skuonmakker. "Mar wytstû hwatstû dwaen maste? Hjir fuort om 'e hoeke wennet de toskedokter van der Wal. Dêr mast hinne! Kinst it altyd fine. Hjir en dêr sit in reade stip op it tegelpaed."
"Hwat mat it kostje?" frege Sjouke.
"Hwat kin 't skele? Astû mar fan dy pine yn 'e mûle ôf bist."
Doe sei ik: "Wytst hwat? De skuonmakker kin dy de kies der ek wol út lûke."
"Hwat mat dat kostje?" frege Sjouke.
"Nou," sei de skuonmakker, "fleden jier hast hjir in pear nije skuon kocht en nou in pear fiters - ik doch dat kieslûken der op ta. Dat binne serves."
Sjouke gong op 'e stoel sitten mei in gatsjematte en krige in ein piktried om 'e kies hinne.
De skuonmakker kriget de els en raemt him dêrmei goed yn 'e kont. Sjouke springt fan 'e stoel. De kies is der út. "Hwat seist der fan? Dat gong flot, net?" sei de skuonmakker.
"Ja," sei Sjouke, "mar hwat siet dy woartel djip!"

Beschrijving
Een man klaagde bij een schoenmaker over zijn kiespijn. Deze bood hem aan om de kies voor hem te trekken. Ze bonden er een veter omheen, en de schoenmaker trok hem er zo uit.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 945, verhaal 7
Commentaar
30 september 1972
Naam Overig in Tekst
Sjouke   
Naam Locatie in Tekst
Eastermar   
Oostermeer   
Burgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21