Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094506

Een sage (mondeling), zaterdag 30 september 1972

Hoofdtekst

Der wienen minsken, dy forwachten in lytsen. Dy minsken hienen ek in jonkje, dat al nei skoalle ta gong. Doe't it sa fier wie dat de baby tofoarskyn komme koe, woarde de dokter ophelle en de baekster. En doe gong de heit gau even nei de buorlju ta, of dy har jonkje wol opheine woenen as er aenst út skoalle kom. En of er dêr dan ek wol ite koe. Hwant hy koe net bêst by de geboarte wêze. Dat wie de buorlju bêst.
Doe't se tsjin Jan seinen: "Ho, net fierder, dû ytst hjir hjoed by ús", sei Jan: "Hwer foar dat?"
"Dokter is nei jimme ta," sei de buorfou, "dy bringt jimme in baby."
Doe sei Jan: "Dêr sil ús mem wol net botte wiis mei wêze, hwant sy forwachtet sèls èk ien."



Beschrijving

Een man stond op het punt voor de tweede keer vader te komen, en vroeg de buren om hun zoontje uit school te halen en bij hun te laten eten. De buren zeiden tegen het jongetje dat hij bij hun bleef eten omdat de dokter bij zijn moeder was, om een baby te brengen. De jongen zei dat zijn moeder daar vast niet erg blij mee zou zijn, omdat ze zelf ook al een baby zou krijgen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 945, verhaal 6

Commentaar

30 september 1972

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21