Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094610

Een sage (mondeling), donderdag 05 oktober 1972

Hoofdtekst

Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al fierhinne.
Minke joech my duveldrekswetter mei, dat moest ik om ús mem hinne sprinkelje. Mar sy sei der by: "'t Sil wol to let wêze." En 't wìe to let.
De man dy't mem bitsjoend hat wie Bouke Brinkman.
Ik kom mei de duveldrek yn 'e bûse thús. Dy helle ik der net út sa lang Bouke der wie, hwant der mochten gjin fremde egen oer 't drankje gean, hie Minke sein.
Bouke sei noch tsjin ús heit: "Jou wiif is bitsjoend" (hy hie 't sels dien).
De drank hat net mear holpen, mem is gauachtich dêrnei stoarn.


Beschrijving

Een vrouw was betoverd. Toen haar zoon voor een drankje naar de duivelbanner ging, was het al te laat. De vrouw is gestorven.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 946, verhaal 10

Commentaar

5 oktober 1972

Naam Overig in Tekst

Wopke Minke    Wopke Minke   

Bouke Brinkman    Bouke Brinkman   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Twijzelerheide    Twijzelerheide   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21