Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094611

Een sage (mondeling), donderdag 05 oktober 1972

Hoofdtekst

Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif.
Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de mûle bringe. Wy moesten har fuorje as in bern. Op bêd koe se har net omkeare. Ik moest har forlizze. Se koe neat mear, sa fier wie se al hinne.
Doe kom op in kear in buorman by ús, dy sei tsjin my:
"Anders, soe se net bitsjoend wêze?"
"O duvel ja, jonge, dat tink ik ek", sei 'k. "Ik helje direkt duveldrek." Dat haw ik doe dien èn dat lei ik by myn wiif del ûnder 'e tekkens, sûnder dat hja it wiste.
De nachts koe hja de tekkens wer mei de hannen oerlûke.
Ik moest der de oare deis mei handel op út. Doe't ik wer thús kom lei se net op bêd. Dat wie yn in hiel skoft net gebeurd. Myn dochter sei: "Nou mat heit ris riede, hwa't it wurk dien hat." "Dêr wyt ik neat fan", sei 'k.
"Mem", sei se.
Ik sei: "Dat kin net." Mar 't wie wòl sa. Hja wie wer better woarn troch de duveldrek. Dêrtroch hie de tsjoenster gjin fet mear op har.


Onderwerp

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Een vrouw was al een tijd ziek en kon vrijwel niets meer zelf. Haar man dacht dat ze betoverd was, en legde duivelsdrek in haar bed. Toen is de vrouw weer opgeknapt.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 946, verhaal 11

Commentaar

5 oktober 1972
Duiveldrek als afweer

Naam Overig in Tekst

Jelle Wigerske    Jelle Wigerske   

Anders    Anders   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21