Hoofdtekst
Hjir wie in man, dy neamden se Sipke Moaiwaer. 't Wie yn myn jonge jierren al in âld man. Hy hie in stok yn 'e hân, dêr sieten allegear kleurde linten oan. Hy seach altyd yn 'e loft. As de bern him fregen nei 't waer en 't soe moai wurde, dan nom er it blauwe lint yn 'e hân.
Mar hy hat ek foarspeld dat der oarloch komme soe. Dat wie fóár 1914 doe't er dat tsjin 'e bern sei. Doe krige er 't reade lint yn 'e hân. Hy sei: "Ja berntsjes, jim bileve aenst rare tiden, hwant der komt oarloch." Dat is útkom.

Beschrijving
Een man deed met de gekleurde lintjes aan zijn stok altijd voorspellingen. Zo voorspelde hij ook dat er oorlog zou komen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 948, verhaal 2
Commentaar
8 oktober 1972
Naam Overig in Tekst
Sipke Moaiwaer   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21