Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ094803

Een sage (mondeling), zondag 08 oktober 1972

Hoofdtekst

Wy sieten meielkoar yn 'e hûs. Ik wie doe noch hiel lyts, dat ik haw der sels gjin herinnering mear fan. Mar myn trije susters wienen doe al jongfammen. Der wie ek in jonge buorman by ús. It wie op in joun.
Doe hearden se ynienen in lûd, noait liker as rieden se mei in kroade oer de telle hinne en as foelen de bynten kreakjend del. En 't wie ien en al geknetter. As stie alles yn 'e brân.
Se gongen allegear nei 't bûthús ta, alle trije susters gongen mei. Doe't se dêr kommen, stienen de beesten allegear achterstofoar op 'e stâllen, mei de kop nei de telle ta. En der wie net in inkelde koe dy't lei. Der wie hielendal neat to sjen fierder, dat sy gongen wer yn 'e hûs.
De jouns kom dy jonge buorman by syn frou thús. Doe sei dy frou: "Hwat hienen jimme dêr nyskes in wille, net? Hwat gong 't der dêr oan wei."
Doe fortelde de buorman it forhael.
Hjir wennet in âld frou, dy biweart noch altyd dat it hûs nochris in kear opbarne sil. It wienen de lûden fan brân, dy't se heard ha. Alles foel knetterjend del.
Der hie foartsjirmerije fan west.



Onderwerp

SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes    SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   

Beschrijving

Mensen hoorden in een huis eens het geluid alsof de boel in brand stond, maar er was niets te zien. Nog steeds beweren sommigen dat het huis eens zal afbranden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 948, verhaal 3

Commentaar

8 oktober 1972
Vorzeichen eines Brandes

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21