Hoofdtekst
Us heit fortelde:
Der wienen ris in boer en boerinne, dy hieten fan Jan en Jantsje. Hja wennen yn in lyts spultsje, dat stie net sa fier fan 'e stêd ôf.
Op in kear soe Jan in kou forkeapje.
Hy die de kou oan 't hoarntou en gong der mei op stap nei stêd ta.
As er al in moai ein hinne is treft er in joad. Dy joad seit: "Boer, wat moet je voor dat bokje hebbe?"
"'Bokje' sizze jo?"
"Ja, dat bokje, dat je daar an 't tou hewwe."
"Och man, rin hinne," sei 't boerke, "dit is in kou, dy ha 'k fan 'e moarn fan 'e stâl helle."
As er in ein fierder is treft er deselde joad wer.
"Boer, wat moet je voor dat bokje hewwe?"
De boer sjocht ris skean nei syn kou en hâldt út dat it gjin bok is.
Mar yn 'e stêd, op 'e merk komt de joad nochris by him.
"Boer, wat moet je voor dat bokje hewwe?" freget er.
It boerke bigjint to twiveljen. "Sjoch ik nou forkeard?" tinkt er. "Haw ik de bok oan 't tou meinaem?"
Op 't lêst leaut er dat it sa wol wêze sil. En dan forkeapet er de kou foar tsien goune. Dat wie fansels bokkejild.
Yn 'e herberch wurdt er bitelle.
De kastlein hat alles goed yn him opnaem. Dy hat alles sjoen.
De boer giet mei syn tsien gounen nei hûs ta.
Jantsje stiet al oan 'e ein fan 'e reed him op to wachtsjen.
"Wel, hoe is 't gien? Hoefolle hast bard?"
"Tsien goune", seit er.
"Hwatte, tsien goune??"
"Ik ha mei de bok nei stêd west."
"Mei de bok? Man, hwer komst wei. De bok stiet hjir oan 't tsjoar. Sjoch mar."
It is sa; dêr stiet de bok.
It boerke kriget in kaem. Hy hat him raer to grazen nimme litten. O, o, hy hie hondert goune barre matten en hy is mar mei tsien thús kaem!
Hy hat in minne dei.
It wyfke fûtert him út en hy kin der de hiele nacht net fan sliepe.
Mar de oare deis, dan komt de kastlein oan. Dy seit: "Ik ha juster alles sjoen en heard hwat der gebeurd is. Jo binne raer to fiter naem, man. Dat bigreate my. Dêrom bin 'k hjir kaem."
It boerke sjocht fortrietlik. Hy lit de holle sakje.
"It jowt dochs neat allegear", seit er.
"Ik wit wol hwat", seit de kastlein. "Dêrom bin 'k hjir kaem. Sjoch ris: Hwat ding is dit?"
"In klots", seit it boerke.
"Krekt, mar it is in wûnderklots. Tominsten, jo matte beare dat it in wûnderklots is. Nou matte jo goed harkje hwat jo dwaen matte. Takomme freed geane jo nei stêd ta. Dan is it wykmerk. Dêr is dy joad ek altyd. Dan komme jo by my yn 'e herberch. Jo bistelle goed hwat, hyltyd op nij wer. Fuortdaelks as se jo wer hwat brocht ha to iten of to drinken draeije jo dizze klots in slach om. Dan siz ik: 'Betaald, betaald!' Goed forstien?"
It boerke hie 't foar 't forstân.
De freeds dêroan siet er yn 'e jachtweide.
De joad wie dêr ek.
It boerke bistelde in ribstik.
Hy draeide efkes oan 'e klots en doe rôp de kastlein: "Betaald, betaald!"
It boerke bistelde bakte skylfisk.
Fannijs draeide er de klots in heal slach om.
De kastlein rôp: "Betaald, betaald!"
It boerke bistelde in flesse wyn.
It waerd him brocht. Hy draeide de klots wer in healslach yn 't roun en de kastlein rôp fuort: "Betaald, betaald!"
De joad hie alles observearre.
"Dat is in aparte klots", tocht er.
Hy giet nei 't boerke ta.
"Hwat ding ha jo dêr op 'e holle?"
"In wûnderklots!"
"Dat liket my sa ta. Is dy to keap?"
"Wis wol", seit it boerke. "Foar hondert goune, en gjin sint minder."
De keap giet oan.
Sa kaem it boerke dochs noch ta syn jild en waerd de bidrager bidragen.

Onderwerp
AT 1539 - Cleverness and Gullibility   
ATU 1539 - Cleverness and Gullibility.   
Beschrijving
Een boer gaat met zijn koe op weg naar de stad, om deze te verkopen. Onderweg en op de markt komt hij drie keer een jood tegen die vraagt hoeveel hij voor zijn bok wil hebben. Op het laatst is de boer ervan overtuigd dat hij inderdaad zijn geit heeft meegenomen, en hij verkoopt het dier voor tien gulden. De betaling geschied in de herberg. Later komt de boer erachter dat hij belazerd is. Hij besluit samen met de herbergier de jood terug te pakken. Hij doet een muts op. Hij besteld elke keer eten en drinken. Zodra hij dan zijn muts omdraait, roept de herbergier 'betaald'. De jood ziet dit, en wil de muts graag kopen. Voor honderd gulden koopt hij hem.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 908, verhaal 1
Commentaar
17 augustus 1968
Cleverness and Gullibility & AT 1551, The Wager that Sheep are Hogs
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21