Hoofdtekst
De boer koe him net mear brûke en sei: "Wy sille him moarn slachtsje."
Dat hearde dy ezel en hy naeide stikum út.
Underweis trof er in houn op in boerehiem. Dy spûkgûlde.
"Hwat ha we mei dy?" sei de ezel.
"Se wolle my deameitsje," sei de houn, "omdat ik net sa goed mear hearre kin."
"Kom mar mei", sei de ezel.
In ein fierder seagen se in kat. Dy wreau mei in poat oer de eagen. Sa treurich wied er.
"Hwat skeelt der oan?"
"Se wolle my deameitsje," sei de kat, "omdat de mûzen my to fluch ôf binne."
"Kom mar mei", sei de ezel.
Wer in eintsje fierder stie op 'e skernbult in hoanne. Dy skriemde.
"Hwerom skriemsto?" frege de ezel.
"Se wolle my slachtsje, hwant se ha sin oan hoannesop."
"Kom mar mei", sei de ezel.
Mar de hoanne koe net sa hurd rinne, dêrom sei de ezel: "Gean mar by my op 'e rêch sitten."
Sa kamen se yn Ljouwert oan.
Se praetten ôf, se soenen strjittemuzyk meitsje.
Op 'e Lange Piip, by de Waech gongen se stean. Dêr makken se muzyk.
De minsken kamen fan alle kanten tarinnen. Elkenien harke nei de muzyk. Se barden in soad jild.
Se bleauwen dêr in pear dagen, mar doe krigen se har nocht fan 'e stêd. 't Wie har dêr to drok.
Doe gongen se nei de Wâlden ta.
Se kamen yn in great bosk en 't waerd donker.
De kat klattere by in beam op en de hoanne fleach nei de heechste tûke ta om to sjen of der ek earne in ljochtsje wie. Hwant sy moesten in ûnderdak ha foar de nacht.
Mar de hoanne seach neat. De kat wol, dy koe sjen yn 't donker.
It wie it ljochtsje fan in slot. Dêr setten se op ôf. Hja seagen ta de finsters yn. Doe seagen se dêr in hiel stel rovers, dy wienen drok oan 't iten en drinken.
Doe gong de ezel mei syn foarste poaten yn 't finsterbank stean, de houn gong boppe op syn rêch stean, de kat op 'e rêch fan 'e houn en de hoanne op dy fan 'e kat. En doe bigoun de ezel to balten en de houn to blaffen en de kat to miauwen en de hoanne to kraeijen. Allegear tagelyk.
Dat klonk sa allerfreeslikst, dat de rovers sprongen oerein, sa ôfgryslike kjel woarden se. En bang! En dat wie hals oer de kop ta 't slot út.
Doe de ezel en de houn en de kat en de hoanne - mars - der yn. Hja ieten har allegearre goed sêd, hwant se hienen honger fan sa'n ein rinnen.
De rovers kamen net werom.
De fjouwer trouwe freonen bleauwen dêr yn it slot en sy wienen o sa lokkich mei elkoar. En as se net stoarn binne libje se noch.
Onderwerp
AT 0130 - The Animals in Night Quarters (Bremen City Musicians)   
ATU 0130 - The Animals in Night Quarters.   
SINAT 0130 - Die Tiere im Nachtquartier   
VDK 0130 - The Animals in Night Quarters (Bremen City Musicians)   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Wouden   
Naam Locatie in Tekst
Wâlden   
Ljouwert   
Leeuwarden   
