Hoofdtekst
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't allegear heide. Hy bleau stean op 't plak, dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet. Doe seach er dêr in ljochtsje en hy hearde psalmsjongen. Dat wie foar him de fingerwizing. Doe wist er hwer't er de tsjerke delsette moest. Hy hie net mear as f 35. Der woarde in lyts houten tsjerkje foar boud. Letter kom der oan wjerskanten in lytse fleugel oan, hwant it woarde to lyts. Doe wie it in krústsjerkje. Noch letter woarde it in stiennen tsjerkje. En nou is 't gâns in tsjerke.
Beschrijving
Een man wilde in Harkema een kerk bouwen, maar wist niet waar. Hij zag een koe naar een bepaalde plek lopen. Daar hoorde hij het gezang van psalmen en hij zag een lichtje branden. Toen heeft hij daar de kerk laten bouwen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 919, verhaal 2
Commentaar
10 september 1972
Naam Overig in Tekst
Warmolds   
Naam Locatie in Tekst
Surhuzum   
Surhuizum   
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
