Hoofdtekst
Op 'e Readskuorre stienen twa plaetsen njonken elkoar. Ien stiet der net mear, dy is ôfbrutsen. Dy plaets hat earst in skoftsje ûnbiwenne west. Doe stie it ark, lykas de ploege en de eiden en de weinen noch yn 'e skuorre.
It wie op in joun, doe kom ik dêr mei in pear kameraden lâns. 't Wie yn myn feintetiid.
Doe seagen wy dêr in lyts grien ljochtsje brânnen en it gong dêr yn 'e skuorre op in smiten en forsetten, dat it wie in stik leven! It hearde dat se de ploegen en eiden en weinen der út brochten, en dat it dêr op in ôfbrekken gong.
Der wie in hage foar. Wy gongen der op ta doe't it lûd mar oanhâldde. Wy kloppen op it glês. Doe wie der gjin ljochtsje mear en alle lûden wienen fuort.
't Wie foartsjirmerij, it is krekt sa neikom. In healjier letter ha se alle ark út 'e skuorre helle en de plaets woarde ôfbrutsen.

Beschrijving
Mensen zagen bij een lege boerderij eens het gereedschap heen en weer gaan. Het maakte een hoop herrie. Later is de schuur echt leeg gemaakt.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 919, verhaal 1
Commentaar
10 september 1972
Naam Overig in Tekst
Readskuorre   
Raadschuur   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21