Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ092806

Een sage (mondeling), vrijdag 15 september 1972

Hoofdtekst

Hy hat de duvel ek al ris sjoen, dat hat er faek forteld, ek wol oan oaren. Hy wie doe in jongfeint en hy wie der mei twa fan syn kammeraden op út. Hja hienen kattekwea úthelle; ûndogenske streken. Hwatte krekt, dat wyt ik net, mar 't wie net sa moai. Doe kommen se by de Swâdde. Dy wie dêr och sa smel. Dêr stienen trije húskes oan. Doe seagen se dêr in keardel stean, dy stie strampele oer de Swâdde hinne, mei oan elke kant in skonk. De iene hân hied er om 'e beam hinne en de oare hân hie er útstutsen nei heit en dy ta. 't Wie in keardel as in reus sa great.
De twa kammeraden naeiden út, mar heit bleau stean. Hy tocht: dit is de duvel, ik wol him goed bisjen.
Hy seach nei de fuotten of er ek in hynstepoat hie, mar dat wie net it gefal, hy hie goeije fuotten.
Heit seach even om nei syn kammeraden, hwer't dy bleauwen. Hy hie mar krekt even it gesicht fan 'e duvel ôf. Doe't er wer seach wie de duvel fuort. Salang heit nei him sjoen hie hie hy der west. Doe wie heit ek bang woarn en hurd útnaeid.





Beschrijving

Drie kameraden hadden eens kattenkwaad uitgehaald. Opeens zagen ze een reus, met aan elke kant van het water een been. Twee van de jongemannen renden hard weg, de derde bleef staan. Maar toen hij even omkeek naar zijn vrienden, en weer naar de reus keek, was deze verdwenen. Het was de duivel geweest.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 928, verhaal 6

Commentaar

15 september 1972

Naam Overig in Tekst

Swâdde    Swâdde   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21