Hoofdtekst
It lean
"Kom, frjeonen, op! de jacht fangt oan;
Scil hja ús libbensliifs forsline?
Lit ús bytiid yn de iere moarn
Dy dryste wolvebinde fine.
"Mar stil, hwêr is myn trouwe houn?
Hwer kin ús skerpe Max dochs sitte?
Ik seach him net sont jisterjoun;
Hjir moat ik noadich mear fen witte."
De ridder giet de paden roun:
"Gean, jagers, gean gerêst jimm' gangen;
Sa aenstouns helje ik, mei myn houn,
Jim wol wer yn mei rêdde sprongen."
Hy tsjucht werom; by 't jachtwaerts gean
Liet men - sà seach men 't winnen
De poartedoarren iepen stean, winken -
Hy sjucht it, sûnder troch to tinken.
Dêr komt er yn syn wenfortrek.
Ho? sjucht er Max dêr glûpich rinnen?
En rint in bloed him om syn bek?....
In nuvere eangst birint syn sinnen.
En 't widske, dêr't syn bern yn laei,
Leit dat dêr oer 'e side smiten?
Naem den syn trouwe houn sa'n draei;
En hat er 't berntsje deadlik biten?
O grouwel, dy't him húvrjen docht!
Hy mient it stik hjir klear to lêzen:
Max hat syn iennichst bern forskoerd;
Dit skynt foarfêst net oars to wêzen.
Hy krijt it swird: "Dou falske houn!
Dij scil ik, ta dyn straf trochstekke!"
En 't beest falt krôljend oer 'e groun;
Dré scill dy troubrune eagen brekke.
Nou rokt er, eangst en freze yn't moed,
De widze oerein: hwet scil er fine?
Syn soantsje, wrantljend yn syn bloed,
Toplettere yn syn lêste pine?....
Né! wûndre kear! ho sjucht er dêr
Syn berntsje noflik glimkjend lizzen,
As kaem er út 'e deaden wer....
Hy wit fen lok gjin wird to sizzen.
En by it bern, dêr laei in wolf
Forskoerd! ho frjemd is 't him to moede:
Nou sjucht er 't! 't bloed wier fen 'e wolf;
Max hie nei plicht syn bern bihoede.
"O! hwet ha'k dien!" hy skreaut it út;
"O Max! myn houn! o dei fen rouwe!
Ho hanle ik mei in dwaes bislút.
En dou, dou stjerst! myn âlde trouwe."
Dêr falt er op 'e knibbels del,
As om syn Max syn smert to sizzen;
En 't beest forriist in inkle tel,
Mar giet wer pynlik kreunjend lizzen.
["]Hwet diich ik yn myn ûnforstân?
Ho ha'k to gau myn wapen krige!"
Sa skriemt er 't út yn smertebrân.
En Max, hwaens pynlik smeekjende eagen
As nei in lêst forkwikken seagen,
Bislikket noch dy wrede hân, -
Den skokt er wyld, en - is fortige.
De ridder swirft de wrâld yn't roun;
Mar, hwer't syn foetten hinne teagen,
Aloan bliuwt him dat bield foar eagen
En freget him syn stoarne houn:
"Hast' my nei rjucht dy deastek jown?
Hie'k den myn plicht net dien nei winsken?
Is dit, is dit it lean fen minsken?"
(A.M. Wybenga: Blêd en blom. Nij forskaet fen Fryske foardrachten. Berlikum 1933, p.1-2)
"Kom, frjeonen, op! de jacht fangt oan;
Scil hja ús libbensliifs forsline?
Lit ús bytiid yn de iere moarn
Dy dryste wolvebinde fine.
"Mar stil, hwêr is myn trouwe houn?
Hwer kin ús skerpe Max dochs sitte?
Ik seach him net sont jisterjoun;
Hjir moat ik noadich mear fen witte."
De ridder giet de paden roun:
"Gean, jagers, gean gerêst jimm' gangen;
Sa aenstouns helje ik, mei myn houn,
Jim wol wer yn mei rêdde sprongen."
Hy tsjucht werom; by 't jachtwaerts gean
Liet men - sà seach men 't winnen
De poartedoarren iepen stean, winken -
Hy sjucht it, sûnder troch to tinken.
Dêr komt er yn syn wenfortrek.
Ho? sjucht er Max dêr glûpich rinnen?
En rint in bloed him om syn bek?....
In nuvere eangst birint syn sinnen.
En 't widske, dêr't syn bern yn laei,
Leit dat dêr oer 'e side smiten?
Naem den syn trouwe houn sa'n draei;
En hat er 't berntsje deadlik biten?
O grouwel, dy't him húvrjen docht!
Hy mient it stik hjir klear to lêzen:
Max hat syn iennichst bern forskoerd;
Dit skynt foarfêst net oars to wêzen.
Hy krijt it swird: "Dou falske houn!
Dij scil ik, ta dyn straf trochstekke!"
En 't beest falt krôljend oer 'e groun;
Dré scill dy troubrune eagen brekke.
Nou rokt er, eangst en freze yn't moed,
De widze oerein: hwet scil er fine?
Syn soantsje, wrantljend yn syn bloed,
Toplettere yn syn lêste pine?....
Né! wûndre kear! ho sjucht er dêr
Syn berntsje noflik glimkjend lizzen,
As kaem er út 'e deaden wer....
Hy wit fen lok gjin wird to sizzen.
En by it bern, dêr laei in wolf
Forskoerd! ho frjemd is 't him to moede:
Nou sjucht er 't! 't bloed wier fen 'e wolf;
Max hie nei plicht syn bern bihoede.
"O! hwet ha'k dien!" hy skreaut it út;
"O Max! myn houn! o dei fen rouwe!
Ho hanle ik mei in dwaes bislút.
En dou, dou stjerst! myn âlde trouwe."
Dêr falt er op 'e knibbels del,
As om syn Max syn smert to sizzen;
En 't beest forriist in inkle tel,
Mar giet wer pynlik kreunjend lizzen.
["]Hwet diich ik yn myn ûnforstân?
Ho ha'k to gau myn wapen krige!"
Sa skriemt er 't út yn smertebrân.
En Max, hwaens pynlik smeekjende eagen
As nei in lêst forkwikken seagen,
Bislikket noch dy wrede hân, -
Den skokt er wyld, en - is fortige.
De ridder swirft de wrâld yn't roun;
Mar, hwer't syn foetten hinne teagen,
Aloan bliuwt him dat bield foar eagen
En freget him syn stoarne houn:
"Hast' my nei rjucht dy deastek jown?
Hie'k den myn plicht net dien nei winsken?
Is dit, is dit it lean fen minsken?"
(A.M. Wybenga: Blêd en blom. Nij forskaet fen Fryske foardrachten. Berlikum 1933, p.1-2)
Onderwerp
AT 0178A - Llewellyn and his dog (The Brahman and the Mongoose)   
ATU 0178A - The Innocent Dog   
Beschrijving
Een ridder denkt dat zijn trouwe jachthond zijn kind heeft gedood, als hij de wieg omgevallen aantreft en de hond met bloed rond zijn bek. Hij doodt de hond. Dan ziet hij pas dat de hond het ongedeerde kind heeft verdedigd tegen een wolf, die hij gedood heeft. Het berouw van de ridder komt te laat.
Bron
A.M. Wybenga: Blêd en blom. Nij forskaet fen Fryske foardrachten. Berlikum 1933, p.1-2
Commentaar
1933
Zie voor een waarschijnlijk op dit gedicht geïnspireerde mondelinge vertelling DVTEX542.
Llewellyn and his dog
Naam Overig in Tekst
Max   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20
