Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFLEA029 - It is net altyd sa't it liket

Een sprookje (mondeling), maandag 24 november 1975

856.jpg

Hoofdtekst

It is net altyd sa't it liket
Op in kear waerd der by ús thús praet oer in man dy't neffens guon in moard dien hie, alhoewol't it biwiis der nea fan levere wie. 'Mar', sei de man dy't dêroer praette, 'men kin wol foar grif oannimme dat it sa is'. Us heit sei doe: 'It is net altyd sa't it liket. Ik sil jim dêr ris in forhael fan fortelle:
Lang forlyn wenne hjir yn Fryslân in jong edelman. Mei't doedestiids de wylde bisten noch troch de wâlden en oer de heidefjilden swurven wie syn stins bifeilige troch in hege muorre en dêr lei noch in brede grêft omhinne. Sels wie dy edelman in earsten jeijer en hy hie gjin greater wille as hwannear't er mei syn jachthoun efter it wyld en ek efter de wolven oan siet. Hy wie der greatsk op dat syn jachthoun elk stik wyld birinne koe en foar wolf noch foar beer oan 'e kant gong. De edelman troude en doe't der in jier letter in jonkje berne waerd bleau der neat mear foar him to winskjen oer. Yn earsten bleau er noch wol ris by honk, mar mei gauwens krigen de donkere bosk en de wide heide him fannijs yn 'e bisnijing en teach hy der by de earste moarnskimer wer op út om to swerven en to jeijen.
Op in moarntiid yn 'e lette hjerst, doe't de fjilden wyt wiene fan 'e earste snie, woe er wol ris sjen oft er ek wolven printsje koe. Hy seale syn hynder en rôp de hounen. Se kamen en sprongen as wylden om him hinne, mar syn eigen, syn bêste houn bleau stean en kaem net. Hoe't er ek rôp en lokke, de houn bleau op in distânsje en woe net mei. Op 't lêst waerd de edelman koart en jage mei syn oare hounen de bosk yn. Mar de nocht wie der ôf. Neat woe him slagje en om middei hinne sette er mar wer op hûs yn.
Doe't er it foarplein opried kaem syn eigen houn him tomjitte. Hy hie de tosken bleat en it bloed dripte him fan 'e lippen. De edelman liet syn eagen it plein oer gean en merkbiet dat it finster fan 'e keamer dêr't de lytse jonge slepte iepenstie. Hy fleach by de treppen op en skuorde de doar iepen. In lege widze lei ûndersteboppe. Alles wie toskuord en siet ûnder it bloed. Nou wist er hwat der bard wie. De houn hie jaloersk west dat de baes safolle niget oan syn soantsje hie en der mear mei oangong as mei him. Dêrom hie er net mei word. Dat wie syn kâns om de lytse jonge to forskuorren. De man fleach by de treppen del en sa't de houn op him ta kaem houde er him mei ien slach fan syn swurd de kop ôf.
Krekt op dat stuit bigoun efter in peer strûken in lyts bern to gûlen. De man fleach der hinne en seach syn jonkje yn 'e snie lizzen. Alles dêromhinne wie fortrape en de snie wie read fan it bloed. Fuort njonken it jonkje lei in ôfgryslike greate wolf, mar dy wie dea. Hy wie sa bot tobiten, dat de bonken leine bleat en de hals wie him útskuord. Op dat stuit bigriep de edelman hwat der bard wie. Dy wolf hie om it kastiel slûpt en dêrom hie syn trouwe houn net mei wold. Doe't de wolf oer de grêft en de muorre kommen wie en it jonkje meisleepje soe wie er oanfallen troch de houn, dy't op wacht lei. Hy hie krekt salang fochten dat de wolf dea en it jonkje feilich wie. De edelman hat syn houn bigrave litten yn 'e bosk en op it stientsje op syn grêf sette litten: It is net altyd sa't it liket'. Dat sei ús heit. Oer de man dy't de moard dien hawwe soe waerd fierder net meer praet.
(Y. Poortinga: It fleanend skip. Folksforhalen fan Steven de Bruin. Baarn etc. 1977, p.127-128)

Onderwerp

AT 0178A - Llewellyn and his dog (The Brahman and the Mongoose)    AT 0178A - Llewellyn and his dog (The Brahman and the Mongoose)   

ATU 0178A - The Innocent Dog    ATU 0178A - The Innocent Dog   

Beschrijving

Een edelman denkt dat zijn trouwe jachthond zijn kind heeft gedood, als hij de wieg omgevallen aantreft en de hond met bloed rond zijn bek. Hij doodt de hond met zijn zwaard. Dan ziet hij pas dat de hond het ongedeerde kind heeft verdedigd tegen een wolf, die hij gedood heeft. Het berouw van de edelman komt te laat. De hond wordt begraven en op zijn grafsteen komt te staan: Niet alles is zoals het lijkt. Dat is meteen de moraal van het verhaal.

Bron

Y. Poortinga: It fleanend skip. Folksforhalen fan Steven de Bruin. Baarn etc. 1977, p.127-128

Commentaar

24 november 1975
Zie onder Beeld voor de bijbehorende tekening.
Llewellyn and his dog

Naam Locatie in Tekst

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21