Hoofdtekst
Der wenne op in doarp in fint dat wie hwat in swetshals. Dy biwearde dat er nergens bang foar wie.
Yn dat selde doarp rekke der ien slim siik en dêr moest by wekke wurde. Dy swetshals hie der èk by wekke. De pasjint wie overleden en nou hienen se in lykwein komme litten om de kiste op to heljen mei 't lyk der yn. Soks dienen se froeger altyd by nacht. De biklaeijers kommen ek altyd by joun. It lyk moest nei in oar doarp forfierd wurde mei hynder en wein.
De swetshals moest mei, fanwege de boereplicht. Doe tochten de lju: Nou matte wy sjen dat wy him bang meitsje kinne. Hy kom to sitten foar op 'e wein njonken de man dy't mende. Yn 'e kiste hienen se in levendige man dien.
Deselde dy't mende wist dat wol. Hy siet mei yn 't komplot. Der wienen gatsjes yn 'e kiste boarre dat deselde dy't der yn lei lucht krije koe.
't Wie roettsjuster, en 't wie forskrikkelik needwaer. It stoarme en it spielde.
Underweis bigoun de man yn 'e kiste to klopjen, en letter al ris wer en noch ris wer. Doe sei de koetsier, sabeare bang:
"Wolst ris even sjen hwat dat dêr is?"
De swetshals giet hwat nei achteren njonken de kiste, wylst der krekt wer kloppe wurdt.
Doe't er dat hearde, raesde er: "Ho ho ris even heite, dy't dea is mat dea bliuwe, hear!"

Onderwerp
AT 1711* - A Wood-cutter does not Fear the Dead   
ATU 1711* - The Brave Shoemaker   
Beschrijving
Mensen proberen een man die geen angst kent te laten schrikken. Een levende gaat in een lijkkist liggen en begint te kloppen. De laconieke reactie: wie dood is, moet dood blijven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 949, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 oktober 1972
A Wood-cutter does not Fear the Dead
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21