Hoofdtekst
Der stie in doomny yn in doarp, dy liet noait net sa faek sjonge. Op in kear doe kommen der guon by him en dy makken him dêr opmerksum op. Kin dat net in bytsje oars, doomny, fregen se.
Wis kin dat wol oars, sei doomny.
Doe woarde it dan snein. Doe liet doomny psalm 119 sjonge. Yn syn gehiel. Dêr sieten achtentachtich fersen oan. Sjesa, tocht er, nou ha se wol even oanslach. Hy gong út 'e preekstoel wei en sei by himsels: Ik ha 't wol even oan tiid. Hy gong nei de pasterije ta en smookte in pypfol.
Doe't er dêr in moai skoft sitten hie, kom de koster by him. Dy sei: "Doomny, jo meije wol gau komme, hwant der binne guon yn 'e tsjerke, dy ha de jas al út, sà sjonge se."

Onderwerp
VDK 1831B* - De 119de psalm   
Beschrijving
Een dominee wordt verzocht wat meer te laten zingen en hij geeft de zeer lange psalm 119 op en gaat ondertussen een pijpje roken in de pastorie. Als hij er een tijdje zit, komt de koster en zegt: "Dominee, je mag wel gauw komen, want er zijn er in de kerk, die hebben de jas al uit, zo zingen ze."
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 951, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
9 oktober 1972
De 119de psalm
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21