Hoofdtekst
Alde Steven en Gjetsje wennen op 'e Sumarreheide, oan 'e âlde tramwei, mei twa dochters. Hy wie hwat ûnnoazel. Hy joech him wol út foar evangelist. Dan stie er to preekjen op in sinaesappelkistje of op in margarinebakje.
Hy wenne yn in hiel lyts húske. Op in kear hat it jongfolk in grap mei him úthelle. Hja krûpten op in joun by 't âlde hûs op. Doe rôp ien fan har troch de skoarstien: "Stefan!"
"Ja, Heare", sei Steven.
"Morgen prediken in Wartena, Stefan!"
"Goed, Heare", sei Steven.
"Brood en koffie meenemen!"
"Jawel, Heare", sei Steven. 't Wie op in saterdei-joun.
De oare moarns sette Steven ôf, it iten yn in reade bûsdoek, dy't er oan in stok oer 't skouder fêstmakke hie. Sa kom er yn Warten, om dêr to preekjen.
Dit is echt gebeurd, ik wie der sels by.

Beschrijving
De oude, onnozele Stefan, die denkt dat hij "evangelist" is, wordt door kwajongens, die door de schoorsteen roepen, uit preken gestuurd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 954, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
14 oktober 1972
Naam Overig in Tekst
Steven (Stefan)   
Gjetsje   
Heer   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Warten (Wartena)   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21