Hoofdtekst
Der wenne in man yn 'e Harkema, dy gong altyd nei Drinte ta to turfstekken. Dan bleau er fjouwer wiken fan hûs.
Doe soed er dan ris wer op in wykein thúskomme. Hy roan alhielendal fan Drinte nei de Harkema ta, dat hy wie warch doe't er thús wie. De frou hie tige nei him forlange en fral nei de nacht. Mar dat foel har raer ôf. Hy stuts op bêd net in hân nei har út, mar foel fuort yn 'e sliep en bigoun lûd to snoarkjen.
De oare moarns doe't er wekker woarde wie 't net oars, dat syn wyfke bigoun it mar in bytsje sneu to finen.
Dy deis stienen hja togearre by 't hinnehok to sjen.
De hinnen dy keakelen hyltyd om ' e hoanne hinne, mar de hoanne steurde him dêr net oan. Hy woe net.
Doe pakte de frou in pôlle modder en goaide dat op 'e hoanne. Doe sei se: "Dû deade bliksem, hastû soms èk to turfstekken west nei Drinte?"

Beschrijving
Een vrouw, wier man in Drente aan het turfsteken was en zonder lust terugkomt, wordt kwaad op de haan, die geen lust toont, en vraagt of hij ook is wezen turfsteken in Drente.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 958, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
28 oktober 1972
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Drente   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21