Hoofdtekst
Der wenne in bargekoopman yn Fryskepeallen, dy brocht syn bargen altyd nei Grins. Hy hie in soan fan fjirtsjin jier, en dy jonge gong altyd mei. As de bargen forkocht wienen dan gong er dêrnei altyd nei in birucht kaféke ta. De jonge wist net dat dat kaféke birucht wie. Wylst de heit foar de jonge altyd in glês Sinas bistelde gong er sels nei boppe ta en liet de jonge ûnder de sinas opdrinke. Mar op in kear doe krige dy koopman de gryp. Hy hie in twintich bargen, en dy moèsten nei Grins ta. Hy tochte: "Hoe mat ik hjir mei oan."
Doe sei er tsjin 'e jonge: "Soestû hjoed mei dyn kammeraed mei de bargen nei Grins ta kinne? Hwant ik kin sa mei gjin mooglikheit fan bêd ôf mei de gryp. Dû hast sa faek al mei west, dû wist wol hoe't it giet."
Hy tinkt wylst: As it nou mar net útkomt hwat ik der boppe yn dy kroech útheef.
De jonge en syn kammeraet geane mei de bargen nei Grins en dêr wurde se forkocht. As dat gebeurd is, tinkt de jonge: "Nou mat ik heit syn plak mar ynnimme." Hy woe ek wol ris in kear great dwaen.
Dêrom sei er tsjin syn kammeraet: "Keapje dû mar in gleske sinas, dat bitelje ik wol foar dy; dan gean ik nei boven."
De jonge komt boven. En doe biseagen de froulju him ris. En doe seinen se: "Hwat mat dy snotterige jonge hjir?" Doe seinen se tsjin him: "Wolst wol in pankoek ha?"
"Graech", sei de jonge.
Hy krige in pankoek, en dy iet er gau op.
Doe seinen se: "Wolst nòch wol ien ha?"
"Jawol", sei de jonge.
As er dy op hat giet er wer nei ûnderen ta en bitellet de sinas. Dan gean se togearre op hûs yn.
As er thús komt tinkt syn heit: "O heden, heden, as it nou mar net útlekke is!"
"Hoe is 't gong, Jan?" freget er.
"Bêst, heit", seit de jonge.
"Ha jim ek noch oanstutsen?" freget de koopman.
"Ja," seit Jan, "Germ hat in gleske sinas hawn en ik bin even nei boven ta gong."
"Dû nei boven?" seit de koopman.
De jonge sei: "Ja, ik ha even twa snapt. Mar de trêdde wie sa gleon, dêr hie 'k gjin tiid mear foar."

Beschrijving
In Fryskepeallen was een varkensboer die altijd naar de markt in Groningen ging met zijn zoon van 14. Terwijl de jongen sinas kreeg in het café, ging hij dan naar boven. Toen de boer eens griep had stuurde hij zijn zoon met een vriend in de hoop dat ze niet ontdekken zouden wat hij altijd boven uitspookte. De zoon deed als zijn vader en kreeg boven van een aantal dames pannenkoeken aangeboden. Toen hij thuis kwam en zijn vader er naar vroeg zei hij: ik heb de eerste twee genomen, maar de derde was zo heet, daar had ik geen tijd meer voor.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 958, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
28 oktober 1972
Naam Overig in Tekst
Fryskepeallen   
Naam Locatie in Tekst
Groningen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21