Hoofdtekst
Alle Tet wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Hja wie in tsjoenster. Om op har hiem to kommen moest men oer in houtsje dat oer de sleat lei. As bern setten wy altyd in krús foar dat houtsje. Dat dienen wy mei de klomp. Dan koe Tet ús net bitsjoene.
As Tet ien bitsjoend hie sieten der krânsen yn 'e kessens. Hja hat wolris bern deatsjoend. Hja koe har yn in kat foroarje. Wie der ien bitsjoend dan gongen se nei Greate Wopke fan Kûkherne. Dat wie de duvelbanner. Dan krigen se in drankje fan him mei, dêr't gjin fremde egen oer gean mochten.
Tsjin tsjoenderije droegen de bern faek duveldrek op it boarst. Se leinen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster net yn'e hûs komme.

Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Oude Tet was een toverheks. Om op haar erf te komen moest je over een houten plank over een sloot heen. Kinderen zetten daar altijd een kruis om niet betoverd te worden. Ze schijnt wel kinderen behekst en gedood te hebben en kon een koe in een kat veranderen. Was iemand behekst dan ging hij naar Greate Wopke, de duivelbanner, die een drankje verstrekte. Duiveldrek op de borst hielp ook tegen het beheksen. Als je dat onder de drempel legde kon de heks niet in huis komen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 959, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 oktober 1972
Duiveldrek als afweer & TM 3101, Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Bulten   
Greate Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Tet   
Harkema   
Kukherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21