Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ096105

Een sprookje (mondeling), vrijdag 20 oktober 1972

Hoofdtekst

Der wienen in mantsje en in wyfke, dy wennen yn och sa'n breklik âld húske. Se woenen wol graech in nij hûs ha, mar dat koenen se noait bitelje. Dêr hienen se gjin sinten foar. Doe gong dat mantsje der op in kear op út om to fiskjen.
En doe fangde er in fiskje. Dat woe er meinimme. Mar doe sei dat fiskje: "Ast my wer yn 't wetter goaiste, meist fan alles winskje hwatst' mar wolste."
Doe goaide dat mantsje de fisk wer yn 't wetter.
Hy gong nei 't wyfke ta en hy fortelde har alles.
Doe sei 't wyfke: "Och heden, dan matte wy alderearst in nij hûs ha."
It mantsje gong nei 't wetter ta en sei tsjin 't fiskje, dat se graech in nij hûs ha woenen.
Doe't er wer thús kom stie dat der al. Mar doe sei 't wyfke: "Dû mast wer nei 't fiskje tagean en sizze dat der moaije meubels yn 't hûs komme matte."
Dat die it mantsje en doe't [er] wer thús kom stienen de meubels al yn 't nije hûs.
Mar 't wyfke woe hyltyd mear ha, dy rekke noait tofreden. Ek in protte jild woe se ha en dat krige se ek.
Mar op 't lêst doe stjûrde se de man nei 't fiskje ta en doe sei se: "Nou mast sizze dat der in moai paleis komme mat, sa moai as de koaning noch net iens biwennet.
Mar doe woarde it fiskje lulk.
En doe't it mantsje wer nei syn wyfke ta gong stie it âlde húske der wer en dêr moesten se oan har dea ta yn wenje.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Een arme man en vrouw woonden in een klein huisje. Op een dag ving de man een vis. Die zei dat hij een wens zou vervullen als de man hem terug in het water gooide. Dat deed hij en hij vertelde het meteen aan zijn vrouw. Die wilde wel een nieuw huis. De wens werd vervuld. Toen wilde ze ook wel nieuwe meubels. Weer werd de wens vervuld. Darna wenste ze geld, en ook dat gebeurde. Toen stuurde ze haar man naar het visje met de wens een om een paleis, mooier dan dat van een koning. Het visje werd kwaad en toen de man thuis kwam stond hun oude huisje er weer.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 961, verhaal 5 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

20 oktober 1972
The Fisher and his Wife

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21