Hoofdtekst
Us Metsje-muoi wenne yn Sweagerbosk. Hja hienen in bern yn 't krêbke lizzen boppe 't fuottenein yn 't bêdsté. Dat bern woarde siik. It bigong nachts altyd to razen. Dan fleach it bern út it krêbke wei by de sketten op, sa binaud hie it bern it. It woe mar net bikomme, hwàt se der ek oan dienen.
"Se kin wolris bitsjoend wêze", sei Metsjemuoi. "Wy sille it bern gjin kessen jaen om op to sliepen." Doe gong it in skoftsje hwat better. Mar dêrnei gong 't wer achterút. It bern wie altyd angstich. Dat duorre wol in goed jier. Metsje-muoi hie wol yn 'e gaten hwa't har dit lapte. Boate, de man fan Griet gong sneins altyd nei tsjerke ta. Griet wie ûngelokkich op 'e gong, dy bleau dan thús.
Op in kear, doe't it wèr snein wie en omke ek nei tsjerke ta gong, nom er Boate geweken. Sy roannen togearre nei tsjerke ta. Omke sei: "As Griet wèr by 't bern komt yn 'e hûs dan is se noch nèt gelokkich. Dan weef ik mei har ôf."
Sûnt is Griet net wer by Metsje-muoi yn 'e hûs west en it bern wie fuortdaliks rêstich en it bigoun wer to groeijen.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
De baby van Metsjemuoi werd ziek en begon 's nachts te razen van benauwdheid. Metsjemuoi dacht dat het kind betoverd was. Het kussen weghalen hielp even maar daarna ging het weer achteruit. Oom ging altijd met Boate naar de kerk, en diens vrouw, Griet, bleef dan thuis. Oom dreigde op een dag dat als Griet nog één keer bij het kind zou komen, hij met haar zou afrekenen. Sindsdien was er niets meer aan de hand.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 963, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 januari 1973
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Metsjemuoi   
Boate   
Griet   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21