Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097511

Een sage (mondeling), vrijdag 19 januari 1973

Hoofdtekst

Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis.
't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet:
"Ik hie der wol sin oan om dat folkje derút to kneppeljen.
Kinst my dêr ek in bytsje by helpe?"
Dat woe dy maet wol.
"Dan mastû mar by de doar stean gean," sei Ruerd, "dan sil ik se dy wol tasmite."
Ruerd gong nei de ploech ta. De earste de bêste krige er beet en smiet him syn maet ta. Dy smiet him der út. En sa gong 't mei de folgjenden ek.
"Hwat nou?" sei de kastlein.
"Wy wolle hjir rêstich bier drinke", sei Ruerd.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Ruerd Veenstra en zijn maat hadden in de kroeg last van een drukke groep jongelui. Daarom wilden ze de groep graag verwijderen. De maat ging bij de deur staan en Ruerd gooide de leden van de groep een voor een naar zijn maat, die ze weer naar buiten gooide.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 975, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1973
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Ruerd Veenstra    Ruerd Veenstra   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21