Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097513

Een mop (tijdschriftartikel), vrijdag 19 januari 1973

Hoofdtekst

Der wie in doarp, dêr seinen de minsken dat it spûke altyd op it tsjerkhôf. Mar de doomny en de skoalmaster dy leauden dêr net yn. Dy woenen dat bygeloof wol út 'e wrâld wei ha.
Se praetten ôf, dat se soenen togearre in nacht op it tsjerkhôf trochbringe. De master soe de doomny drage, hwant de doomny hie 't oan 'e foet.
Der wenne yn dat doarp ek in earme húshâlding. Dyselde nachts soe de heit in skiep stelle. Hy gong mei syn soan - in greate jonge - op stap.
De skiep roannen yn in stik lân achter 't tsjerkhôf. Doe sei de heit tsjin 'e jonge: "Dû mast dêr mar op it tsjerkhôf wachtsje en goed útsjen of der ek hwat oankomt. En as dat it gefal is jowst mar lûd."
It duorre net sa lang of dêr kom meester oan mei de doomny op 'e nekke.
De jonge tocht net oars as it wie syn heit dy't der oankom mei it skiep op 'e nekke.
De jonge rôp: "Is er fet heit, is er fet - ?"
De master tocht him binaud. Hy smiet de doomny op 'e groun en sei: "Fet of net, mar dêr leiste."
En doe sette er de sokken der yn.

Onderwerp

AT 1791 - The Sexton Carries the Parson    AT 1791 - The Sexton Carries the Parson   

ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.    ATU 1791 - The Sexton Carries the Clergyman.   

Beschrijving

Om het geloof in spoken op het kerkhof de wereld uit te brengen gaan de dominee en de schoolmeester een nacht op het kerkhof doorbrengen. Diezelfde nacht gaan een vader en zijn zoon een schaap stelen. De jongen wacht zijn vader op op het kerkhof. Als de schoolmeester met de dominee op zijn nek aankomt, ziet de zoon hem voor zijn vader met het schaap aan. Hij vraagt zijn vader of het vet is. De schoolmeester gooit daarop de dominee neer en maakt zich uit de voeten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 975, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1973
The Sexton Carries the Parson

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20