Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097515

Een mop (almanak), vrijdag 19 januari 1973

Hoofdtekst

Der wie in doomny, dy slachte alle jierren in baerch.
Yn 'e buert wenne in húshâlding, dy siet hwat yn 'e earmoed. Doe stiel de heit fan dy húshâlding de slachte baerch.
Doomny hie yn 'e rekken hwa't it dien hie en hâldde de âldste jonge fan dy húshâlding oan.
"Wytstû ek hwat fan 'e baerch?" frege de doomny him.
"Ja, dy hat ús heit yn 't sâlt", sei de jonge.
Doe sei de doomny: "Nou ha 'k in boadskipke foar dy. Astû snein yn 'e tsjerke komste krijstû fan my in ryksdaelder.
Mar dan mastû sizze - sa dat alle minsken it hearre kinne,:
"De dominé, de dominé, de dominé van 't Woud,
die heeft een varken geslacht, maar mijn vader heeft hem in 't zout.
Dan krijstû dy sinten. Goed bigrepen?"
"Ja, doomny", sei de jonge.
De jonge komt thús en fortelt alles oan syn heit.
"Jonge," sei de heit, "dêr bistû mis mei. Dat hastû forkeard bigrepen. Dû mast sizze:
'De dominé, de dominé, de dominé van 't Woud,
die heeft de meid met jong gemaakt, maar heeft ze niet getrouwd'."
Doe sei de jonge dat dy snein-to-moarns fan 'e preekstoel ôf.
"Dat liegt die vervloekte deugniet!" rôp de doomny.

Onderwerp

AT 1735A - The Bribed Boy Sings the Wrong Song    AT 1735A - The Bribed Boy Sings the Wrong Song   

ATU 1735A - The Wrong Song    ATU 1735A - The Wrong Song   

Beschrijving

Een dominee slacht een varken dat daarna gestolen wordt. Hij spreekt de zoon van de dief daarop aan, en koopt hem om. Zondag in de kerk moet de jongen een versje zingen waarin hij vertelt wat zijn vader gedaan heeft. De vader verandert het versje echter zo, dat erin verteld wordt dat de dominee de dienstmeid zwanger heeft gemaakt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 975, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1973
The Bribed Boy Sings the Wrong Song

Naam Locatie in Tekst

't Woud    't Woud   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22