Hoofdtekst
Der wie in boerinne, dy hie in kunstskonk. Dat wie in gouden skonk. Dat minske kom to stjerren. Doe bigroeven se it minske mei de gouden skonk der by yn 't graef.
De greatfeint wist dat en dy gong nei 't graef ta en groef de gouden skonk op en nom him mei.
Jouns siet de boer mei de faem en de greatfeint en de lytsfeint yn 'e hûs. 't Wie yn 'e winter en doe hearden se op in kear hwat by de doar. En doe hearden se ien klaechlik roppen: Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been!
Doe tochten se: dat doocht net.
Se gongen nei bûten ta, mar dêr seagen se neat. In oare joun hearden se it al ris wer en alris wer.
Doe praetten se ôf, hja soenen om beurten nei de doar ta gean en freegje: Heb ik je been? Heb ik je been?
De earste joun gong de man nei de doar ta en frege:
"Heb ik je been?"
Doe hearden se dúdlik dat der sein woarde "Né." De man gong wer yn 'e hûs en doe hearden se neat mear.
De oare jouns wie 't wer: Mijn been! Mijn been! Mijn been! Mijn been!
Doe gong de faem der hinne. "Heb ik je been?"
Né, sei se.
De oare jouns wie de greatfeint oan 'e beurt, mar hy sei tsjin 'e lytsfeint: Gean dû der earst mar hinne.
De lytsfeint frege: Heb ik je been?
Né klonk it.
De oare jouns moest de greatfeint der wol hinne, hoe't hy der ek tsjin oan skytskoarre.
"Heb ik je been?" frege er.
"Ja!" waerd der roppen en hy waerd pakt en meinom.

Onderwerp
AT 0366 - The man from the gallows   
ATU 0366 - The Man from the Gallows.   
Beschrijving
Een boerin met een gouden been sterft. Na de begrafenis wordt haar gouden been gestolen. De dief zit met zijn familie in huis, en buiten klinkt klaaglijk geroep. Het is de gestorven vrouw, die om haar been roept. Een voor een gaan ze naar buiten om haar te vragen wie haar been heeft. Als de dief naar buiten komt en haar vraagt of hij haar been heeft, is het antwoord 'ja' en de man wordt meegenomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 975, verhaal 20 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
19 januari 1973
The man from the gallows
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:22