Hoofdtekst
Ik ha by de Baersma's yn 'e tsjinst west. Alde Baersma krige 't oan 'e knibbel en dat like net sa aerdich. Hy hie twa skoansoannen. De iene wie dokter (Theo de Jager to Kollum), de oare wie doomny.
De dokter behandele de knibbel, mar 't skeat neat op. It woarde earder minder as better.
Ik kom mei âlde Baersma to praten. Ik sei: "Jo matte nei Oene ta gean."
"Né," sei er, "dêr gean 'k net hinne. Ik ha twa skoansoannen: de iene is hielmaster foar it lichum en de oare foar de siele. Dat, as it dàn net better wurdt -"
Mar it woarde net better en hy liet Oene Kempenaar komme. Baersma hie in lulke herdershoun, dy siet oan in lang ketting.
"Pas op, Oene," rôp Baersma, "kom der net to ticht by, hwant dan wit ik net hwat der gebeurt." De houn blafte mei gewelt.
"Dat hountsje?" sei Oene, en hy makke de houn los. Dy lei de poat op syn knibbel en wie àl sa mak as hwat.
Doe moest Oene mei de knibbel oan 'e gong. Hy sei tsjin dokter de Jager: "Koenen jo jou heite knibbel net better krije?"
"Dat wol 'k net biweare," sei de dokter, "mar soks mat syn tiid ha." "Ei man, hwat prate jo fan tiid", sei Oene.
Doe't Oene de knibbel bihandele hie, sei er: "Nou kom ik moarnjoun even wer. Wy sille ris sjen, hoe fier it dàn is."
Doe't er de oare jouns wèr kom, koe Baersma wer stappe.
Dit is allegear wier gebeurd. Ik ha 't sels meimakke.

Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Toen oude Baersma het aan zijn knie had kon zijn schoonzoon, die arts was, hem niet genezen. Toen ze Oene Kempenaar erbij haalden, werd de knie echter weer beter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 976, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
25 januari 1973
Belezer geneest mens of dier
Naam Overig in Tekst
Alde Baersma   
Theo de Jager   
Oene Kempenaar   
Naam Locatie in Tekst
Kollum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21