Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097615

Een sage (mondeling), donderdag 25 januari 1973

Hoofdtekst

Yn Hurdegaryp wenne in dokter, dy hie in sike dochter. De man mastere al wit hoe lang mei har, mar hja bleau siik en koe 't hûs net forlitte. Hja woarde sjendewei minder. Doe rekke dy dokter op in kear mei fakânsje.
Doe gong syn frou hinne en dy liet stiltsjes greate Wopke fan Kûkherne komme om by it fanke to sjen. Wopke ûndersocht har en doe sei er: "Och heden, fanke, kin jimme heit dy net better meitsje? Mat ik dat nou dwaen?" Doe krige se drank fan Wopke, en dêr knapte dat fanke sa fan op, dat op 'e ûre dat de dokter wer thús komme soe hie hja it hynder foar de wein slein en him mei 't rydtúch fan 't stasjon helle.
"Hwat bistû opknapt, fanke," hie de dokter sein.
"Ja heit," hie se sein, "dat hat dy strontboer fan Kûkherne dien." (Hwant de dokter neamde Wopke altyd de strontboer).
Doe woe dy dokter fuort witte hwat Wopke syn bern ynjown hie. Hy gong nei Kûkherne ta.
Doe sei Wopke: "De dranken fan jo, dokter, steane der noch. It binne deselden dy't ik hjir ha en dêr't jou fanke fan brûkt hat."
"Dat bistiet net", sei de dokter.
"Dat bistiet àl", sei Wopke. "Sjoch, ik helje myn medesinen hjir út 'e bosk en jo krije se fan 'e apteek. Ik tep de krûden as de dauwe der noch oer leit, jou krûden binne letter op 'e dei teppe."

Onderwerp

TM 3102 - Belezer geneest mens of dier    TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   

Beschrijving

Een dokter had een zieke dochter die hij niet kon genezen. Toen kwam Wopke fan Kukherne een keer naar haar kijken. Hij gaf haar een drankje waar ze van opknapte. Wopke sprak daarna met de dokter. Hij zei dat hun medicijnen hetzelfde waren, maar dat Wopke ze uit het bos haalde terwijl de dauw er nog op zat, en dat die van de dokter later gehaald werden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 976, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

25 januari 1973
Belezer geneest mens of dier

Naam Overig in Tekst

Wopke fan Kukherne    Wopke fan Kukherne   

Naam Locatie in Tekst

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Hardegarijp    Hardegarijp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21