Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ097802

Een sage (almanak), vrijdag 02 februari 1973

Hoofdtekst

Op Sânbulten wenne in mantsje, dat wist ek allegear dingen foarút to sizzen. Yn myn fammejierren - doe wie 'k yn Grinslân oan 't wurk op 'e bou - foarspelde dat mantsje dat der soe nochris in great treinûngelok komme yn Sânbulten. Dat is ek gebeurd. Der is nêst jierren in trein tsjin in bus mei brulloftsgasten oanrekke. Dêr binne doe forskeidene by dea rekke en oaren woarden swier gewond. Dat mantsje wie mei de helm geboaren.
San 30 à 35 jier lyn is der in nije wei troch de mieden oanlein. Foardat dy wei der wie seagen wy wylde lantearens dêr troch 't lân hinnefleanen. Wy seinen doe: dat kin net ljochten fan minsken wêze, hwant it is dêr allegear greidlân. Mar doe't de wei der goed en wol wie tuften de auto's dêr deis en jouns lâns. Dàt hienen de wylde lantearens west, de ljochten fan dy auto's.

Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een man uit Sanbulten was helderziend. Hij heeft een treinongeluk voorspeld. Anderen zagen lichten van auto's waar later een weg zou komen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 978, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 februari 1973
Vorbedeutung anderer Ereignisse.

Naam Overig in Tekst

Sanbulten    Sanbulten   

Naam Locatie in Tekst

Grinslan    Grinslan   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:22