Hoofdtekst
Der wienen trije poepen, dy soenen nei Fryslân ta to meanen. Se koenen de Fryske tael net, mar sy praetten ûnderweis ôf, dat se dy leare soenen.
Doe't se al yn Fryslân wienen, kamen se in man mei in jonkje foarby. Dat jonkje sei tsjin syn heit: "Sjoch, heit, trije poepen."
De iene poep sei: "Dat sil 'k ûnthâlde. Trije poepen." Doe't se in eintsje fierder wienen sieten dêr lju yn 'e jister to melken. De faem soe in kou spanne, mar dy stie har net rjocht nei 't sin. Sy sei: "Òm, kou!"
Doe sei de twadde poep: "Dat sil ik ûnthâlde. Om kou."
Doe't se yn 't doarp kamen wie dêr in timmerman oan 't skaven. Doe't er dêr mei klear wie seach er by de planke lâns en sei: "Dat is rjocht."
Yn dat doarp wie in kou stellen en omdat dy trije poepen frjemden wienen waerden dy der fan fortocht dat se it dien hienen.
Hja waerden arresteard en moasten foar de rjochter forskine.
Doe sei dy rjochter tsjin har: "Hwa soe dat eins dien ha?"
De earste poep sei: "Trije poepen."
Doe frege de rjochter: "Hwerom ha jim dat dien?"
"Om kou", sei de twadde poep.
Doe spriek de rjochter de straf út.
Doe sei de trêdde poep: "Dat is rjocht."

Onderwerp
AT 1697 - "We Three; For Money"   
ATU 1697 - “We Three; For Money.”   
Beschrijving
Drie Duitse maaiers kwamen naar Friesland om te werken. Ze spraken geen Fries, maar zouden het leren. Onderweg hoorden ze drie Friese zinnetjes, die ze onthielden. Toen ze in het dorp kwamen was er een koe gestolen. De maaiers, die daar vreemd waren, werden verdacht. Precies door de drie zinnen die ze onthouden hadden bekenden ze de diefstal.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 981, verhaal 46 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 maart 1973
"We Three; For Money"
Naam Overig in Tekst
Poepen   
Naam Locatie in Tekst
Fryslan   
Friesland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:22