Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098202

Een sage (mondeling), donderdag 08 maart 1973

Hoofdtekst

Pake wie froeger boerefeint to Kollumerpomp. Hy krige forkearing mei in faem fan Twizelerheide. Dêr moest er snein-to-jouns to foet hinne. It wienen doe allegear noch sânwegen.
Op in nacht kaem er by de faem wei. Doe't er krekt op 't âlde Wyldpaed wie seach er in greate, swarte houn.
Hy tinkt by himsels, dêr komt dy en dy syn houn oan en dy sil 'k hjir ris in reis forkeapje, dat er genôch hat. Hy kriget syn great bûsmes út 'e bûse en snijt him in stok út 'e wâl wei. Mei't er dy stok klear hat komt de houn him op side. Mar o heden, hy sjocht ris nei dy houn en dan tinkt er: Is dit wol yn oarder? Dy houn hat in pear greate egen yn 'e kop en dy wurde almar greater en gleoner. Stadichoan.
Hy tinkt: dit doocht net, ik ha hjir mei in pleachbeest to dwaen. Skytskoarjend lit er de stok by him delsakje.
En hy seit: "Astû my neat dochst dan doch ik dy ek neat." Op dat momint wie de houn fordwenen.
Mar pake is sà bang, hy krijt syn klompen yn 'e hân en dat is rinne, sa ha jy net. Hoasfuotling.

Onderwerp

SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Toen de grootvader van de verteller op een avond op weg was naar zijn vriendin, zag hij een zwarte ho nd aankomen. Op een gegeven moment zag hij dat het geen hond was maar een plaagbeest. De grootvader werd doodsbang.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 982, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 maart 1973
Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).

Naam Locatie in Tekst

Kollumerpomp    Kollumerpomp   

Twizelerheide    Twizelerheide   

Wyldpaed    Wyldpaed   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21