Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098301

Een sage (mondeling), donderdag 08 maart 1973

Hoofdtekst

By Albert Dykstra oan 'e feart rekke in bern siik. It wie bitsjoend en gong dea. De tsjoenster wenne flak njonken har; 't wie âlde Hiltsje.
Twa jier letter rekke der wer in bern siik by Albert Dykstra. Dat bern wie èk bitsjoend. Mar nou namen se maetregels. It bêd waerd iepensnien. Der kamen twa krânsen út. Doe gongen se nei de duvelbander ta.
Dy wenne yn Kûkherne. Hja krigen in drankje mei, dêr moesten se goed op passe. As der ien har passeare moest, moesten se der om tinke it drankje oan dy kant to dragen dêr't dyselde net passearde. Ek al moesten se dêrfoar troch in sleat. Oars barstte it fleske.
Dat twadde bern is doe wer better woarn.
Letter waerd Albert syn heit siik. Dat wie doe in hiel âld man. De duvel hie him yn 'e macht, seinen se.
Jurjen hiet er. Syn wiif wie in Antsje. It roun mei him nei de ein. De bile hied er by him op bêd lizzen. As er de duvel seach died er dêr in hou mei.
"De duvel sit op 'e kant fan 't bêd", sei er.
De man waerd stadichoan minder. Albert moest komme om de wacht der by to hâlden.
Antsje sei tsjin Albert: "Hat er him al?"
"Né, mem, noch net, hy leeft noch", sei Albert.
"Nou, ik kin oars net sizze, hwat hat er my altyd min bihandele", sei Antsje.
"Mem moat ophâlde, hwant ik kin wol sljocht wurde", sei Albert.
Doe't de âld man dea wie, kaem er yn 'e kiste. Dy kaem foar de skoarstien to stean. Doe sprong dêr in swarte kat boppe op 'e kiste dêr't de âld man yn lei. Dy kat wie troch de âld boazum hinne sakke.
Dy kat, dat wie net ien oars as âlde Hiltsje.
"Nou hat de kweade him al", sei Antsje.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Bij Albert Dijkstra zijn twee kinderen ziek geworden door betovering van een heks. Het eerste kind is overleden, het tweede bleef leven dankzij de duivelbanner. Later werd Alberts vader ook ziek en stierf; hij was in de macht van de duivel.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 983, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 maart 1973
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Albert Dykstra    Albert Dykstra   

Hiltsje    Hiltsje   

Jurjen [Dykstra]    Jurjen [Dykstra]   

Antsje [Dykstra]    Antsje [Dykstra]   

Naam Locatie in Tekst

Kukherne    Kukherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21