Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ098511

Een sprookje (mondeling), vrijdag 09 maart 1973

Hoofdtekst

Der wienen twa houthakkers, hjir fier fandinne. Hja libben yn âlde tiden. De iene wie flitich en kloek, mar hy hie 't och sa earm. De oare wie lui en brutael.
Dy earste houthakker wie ris oan 't kappen mei in greate beam. Dy stie oan 'e kant fan 't wetter. Doe spatte ynienen it izer út 'e bile wei en dat kaem yn 't wetter tolânne. De man wie ridderslein. Hy hie mar ien bile, dat wie syn hiele bisit. En dy koe hy der net wer út krije. It gûlen stie him neijer as 't laitsjen. Doe stie dêr ynienen in man foar him. Dat wie de god fan 'e rivier.
"Hwat skeelt jo?" frege er.
"Ik bin myn bile kwyt," sei de houthakker, "dy leit hjir yn 't wetter."
Doe sprong dy man yn 'e rivier. Hy dûkte en hy kom even letter tofoarskyn mei in bile.
"Is er dit?" frege er.
"Né," sei de houtkapper, "dat is er net. 't Wie in gewoane izeren bile, mar dy't jo dêr ha is fan goud."
Doe dûkte dy man wer yn 't wetter, dêr't er in skoft bleau. Doe kaem er wèr mei in bile to foarskyn.
"Is er dit?" frege er.
"Né," sei de houtkapper, "dy bile is fan sulver, mines is fan izer."
Doe dûkte de man foar de trêdde kear yn 't wetter en nou bleau er in hiel skoft ûnder. Op't lêst kaem er wer mei in izeren bile.
"Is er dit?" frege er.
"Ja," sei de houtkapper bliid, "dat is er."
Doe joech dy man him de bile wer en sei: "Omdat jo sa earlik binne meije jo de beide oare bilen èk hâlde."
Doe wie dy houtkapper wolsteld.
Dat fornaem dy oare houtkapper. Doe't er hearde hoe't dat tagien wie, gong er ek nei de kant fan 'e rivier.
Hy hie 't izer los yn 'e bile dien en doe't er bigoun to kappen spatte it izer yn 't wetter.
Dêr kaem de god fan 'e rivier al oan. "Hienen jo ûngemak?" frege er.
"Dat kinne jo sjen", sei de houtkapper en toande de stâlle fan 'e bile. "Helje jo him der mar foar my út."
Doe dûkte dy man yn 't wetter en hy kaem wer to foarskyn mei in gouden bile yn 'e hân.
"Is er dit?" frege er.
"Ja," sei de houtkapper, "dat is er."
Mar doe waerd dy man sa lulk dat hy krige de houtkapper beet en smiet him yn 'e rivier. Dêr is er fordronken.

Onderwerp

AT 0729 - The Axe Falls into the Stream    AT 0729 - The Axe Falls into the Stream   

ATU 0729 - The Merman’s Golden Axe    ATU 0729 - The Merman’s Golden Axe   

Beschrijving

Een houthakker liet eens zijn bijl in de rivier vallen. De riviergod kwam toen tevoorschijn, en dook naar zijn bijl. Hij dook eerst een gouden bijl op, daarna een zilveren. Maar de houthakker zei eerlijk dat zijn bijl van ijzer was. Daarom mocht hij naast zijn eigen bijl de andere twee ook houden. Een andere houthakker hoorde hiervan. Hij liet expres zijn bijl in de rivier vallen. De riviergod kwam weer. De houthakker zei dat de gouden bijl van hem was. De riviergod werd toen zo kwaad dat hij hem in de rivier smeet. Hij verdronk.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 985, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

9 maart 1973
The Axe Falls into the Stream

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21