Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ099208

Een mop (), dinsdag 20 maart 1973

Hoofdtekst

Hja wienen yn Raerd oan 't ôfgraven mei in terp. Dêr kamen allegear bonken foar 't ljocht, dat wienen minskebonken, nei't se seinen. De boer tocht: "Nou kin 'k de feint miskien bang krije." Hy sei tsjin 'e feint: "Nou doarstû fannacht tolve ûre net nei dy terp ta en helje dêr in minskebonke wei."
"'t Soe my ek nochal hwat wêze", sei de feint.
't Wie roettsjuster doe't hy dêr dy nachts hinne rekke.
Hy krige in bonke op.
De bonke sei: "My net."
Doe smiet de feint de bonke wer del en sei: "Nou, dan krij 'k dyn maet mar." Dêr sette er mei nei hûs ta.
"Nou, hoe is 't gong?" frege de boer.
"De earste, dy't ik pakte sei: 'My net'. Doe sei 'k: 'Dan dyn maet mar'. Dy ha 'k krige en doe bin 'k fuort gong. Dy bonke hat ûnderweis noch al even praet, mar dat duorre net sa lang."
(De boer hie der foar soarge dat dêr in bûksprekker wie, mar 't hie neat jown.)

Onderwerp

VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."    VDK 1676D* - Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."   

ATU 1676D - “That’s my Head!”    ATU 1676D - “That’s my Head!”   

sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.    sinVDK 1676D* - Der Gang zum Knochenhaus um einen Totenkopf zu holen.   

Beschrijving

Bij graafwerkzaamheden werden menselijke botten gevonden. Een boer wilde zijn knecht bang maken en daagde hem uit om om twaalf uur 's nachts daar een bot weg te halen. De knecht vond het prima. Hij ging er heen en pakte een bot op. Dat zei: "Mij niet." Toen pakte hij een ander bot en nam dat mee naar huis. Bij de boer vertelde hij hoe het gegaan was. De boer had gezorgd dat er een buikspreker op de plaats aanwezig was.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 992, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

20 maart 1973
Schedel halen uit knekelhuis: "Dit is mijn vaders hoofd."

Naam Locatie in Tekst

Raerd    Raerd   

Rauwerd    Rauwerd   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20