Hoofdtekst
Der wienen in boer en in frou, dy hienen in papegaei. As dy boer en dy frou fuort west hienen fortelde de papegaei de jouns altyd hwat der dy deis gebeurd wie. Dêr wienen in feint en in faem en dy hienen dêr in hekel oan, hwant dy hâldden fan lekker iten en drinken, en dat forklikte dy papegaei altyd.
Op in kear wienen de boer en de boerinne wer fuort. Doe tocht de faem: "ik sil der foar soargje dat de papegaei neat fornimt." Doe die se in koperen hantsjettel oer de kouwe hinne. En doe bigoun se to pankoekbakken foar de feint en foar harsels.
Doe't de boer en de frou de jouns wer thús wienen, sei de papegaei:
"Doe't de hemel fan koper wie,
doe gongen de pannen fan snuorre, snuorre..."

Onderwerp
VDK 0237B* - Toen de hemel van koper was   
Beschrijving
Als de boer en boerin van huis waren, maakten de meid en de knecht altijd lekker eten. De papegaai verklikte dat later altijd aan zijn baasjes. Daarom deed de meid op een keer een koperen ketel over de kooi heen. Toen de boer en boerin thuis kwamen, zei de papegaai: "Toen de hemel van koper was, toen gingen de pannen van snorre, snorre..."
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 992, verhaal 25 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
20 maart 1973
Toen de hemel van koper was
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21