Hoofdtekst
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet hja sels dea.
In tsjoenster kin har yn in kat of in houn foroarje. Soms forgaderje dy katten; ien hat dan de lieding. Jowt men sa'n kat in pak op 'e bealch, dan bliuwt de tsjoenster de oare deis op bêd lizzen. Dêr kin men oan wite dat men mei in tsjoenster to dwaen hat. Hja bitsjoene meastal bern.
To Smel-Ie wenne in bern, dat woe mar noait groeije. It wie it bern fan in sekere van der Zee. Doe gongen se nei in duvelbanner ta, dy wenne op Nijebrêge. Dy sei: "It bern is bitsjoend." Hy sei: "De earste dy't by jim komt is in frommeske. Dat is in forkearden-ien. Dy hat it bern bitsjoend. Jimme matte it kessen fan 't bern mar ris lostoarne."
De oare deis kaem it buorwyfke by harren. Dat wie de earste dy't by har kaem. It wyfke bleau by de doar stean. Se koe net oer de drompel komme. Dêr hienen se duveldrek ûnder lein.
Se seinen tsjin har: "Kom der yn."
Né, hja woe net, sei se. Wylst hja der oars altyd samar yn roun.
Op 't lêst rekke se fuort. Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Dêr kaem in krâns út, dy't se opbrând ha.
It buorwyfke mocht net wer by har yn 'e hûs komme. It bern knapte op. It hie holpen.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Heksen moeten elke zeven jaar iemand doodtoveren, anders gaan ze er zelf aan. Een heks kan zichzelf in een kat of hond veranderen. Soms leidt ze een kattenvergadering. Als je zo'n kat een opdonder geeft, kan de heks de volgende dag haar bed niet uit: het bewijs. Ze betovert ook vaak kinderen, zoals bij voorbeeld een jongetje dat niet wilde groeien. De ouders gingen naar een duivelbanner, die zei dat de eerste die bij het kind zou komen de heks was. Dat bleek de buurvrouw te zijn, die niet over de drempel wilde komen waar duiveldrek op lag. Ze moesten het kussen van het kind lostornen en daar bleek een krans in te zitten, die ze verbrand hebben. De buurvrouw kwam niet meer en het kind knapte op.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 999, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 april 1973
Heks maakt kind ziek; TM 3104, Duiveldrek als afweer; TM 3109, Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Smelle   
Van der Zee   
Naam Locatie in Tekst
Nijebrege   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21