Hoofdtekst
Minne Ael wie in tsjoenster. Op in moarn kom Minne to let op it wurk. Doe seinen se tsjin Minne: "Hoe komt dat sa?"
Doe sei er: Myn wiif is fan 'e moarn op bêd lizzen bleaun, dy hie 't sa yn 'e holle. De bern moesten nei skoalle en dy moesten iten ha ensa, dat moest ik allegear bioarderje, sadwaende bin 'k hwat oan 'e lette kant.
Doe sei ien fan 'e mannen: "Dat wol 'k wol leauwe, dat Ael it yn 'e holle hie, hwant ik ha har fannacht in goeije klap op 'e holle jown mei in stok. Der siet in kat by my ûnder 't bêd. Dat wie Ael."
It wie Minne Ael ek dy't it broerke fan myn wiif deatsjoend hat. Se sizze wol dat in tsjoenster yn 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene mat, omt se oars sels der oan giet.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Ael van Minne is een heks. Toen Minne te laat op zijn werk kwam, vertelde hij dat dat kwam omdat zijn vrouw met hoofdpijn in bed lag en hij dus de kinderen moest verzorgen. Zijn collega zei dat dat hem niet verbaasde omdat hij gisteren een kat onder zijn bed een harde klap op het hoofd had gegeven. Ael heeft ook de broer van mijn vrouw doodgetoverd. Ze zeggen dat een heks elke zeven jaar minstens iemand moet doden omdat hij/zij er anders zelf aan gaat.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1001, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 april 1973
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen
Naam Overig in Tekst
Minne-Ael   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21