Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ100114

Een sage (mondeling), dinsdag 10 april 1973

Hoofdtekst

In suster fan skoanheit kaem by in âld minske yn to wenjen. Dat wie in nicht fan har, dy wie abslút dôf.
Op in kear sei dy suster fan skoanheit: "Ik kin hjir nachts noait sliepe. It is krekt as biweecht der hwat yn 't kessen, dêr't ik op liz."
Doe hat se 't kessen iepenmakke en doe kamen dêr allegearre krânsen út. Twa dêrfan dat wienen hiele moaije. Dêr sieten allegear kleuren troch fan jern en lapkes ensa. Dy twa krânsen hat se der by weinom en dy hat se forstoppe achter de spanten yn 'e keet.
De oare krânsen brânde se op yn 'e kolomkachel. Doe't se dat die bigounen de pipen fan 'e kachel troch de keamer to sweven.
Doe sei it dôve minske: "Hwat gebeurt hjir? Hwat hastû yn 'e kachel treaun?" Hja sei: "Ik ha 't wol sjoen. Dû bist bitsjoend."
Doe soe myn skoanheite suster de oare beide krânsen krije. Mar dy wienen fuort. Der wie yn dy tiid mar ien yn 'e hûs west. Dat wie Anders, de slachter, dy't fleis brocht hie. Dy krige de skuld, dat dy de saek bitsjoend hie.

Onderwerp

SINSAG 0750 - Andere Zauberei.    SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   

Beschrijving

Een zus van schoonvader zou een nacht bij een nicht van haar wonen, een doof oud mensje. 's Nachts kon ze niet slapen omdat het leek of er iets bewoog in haar kussen. Ze sneed het open en er kwamen kransen uit, waaronder twee hele mooie gekleurde, die ze verstopte achter de spanten. De andere verbrandde ze in de kolenkachel.Toen ze dat deed begonnen de pijpen van de kachel te zweven. Ze wilde de andere twee kransen pakken, maar die waren verdwenen. Verder was er maar een persoon in huis al die tijd: Anders, de slachter, die het vlees had gebracht. Hij kreeg de schuld van al die toverij.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1001, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 april 1973
Andere Zauberei; TM 3109 Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Anders    Anders   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21