Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ100140

Een mop (mondeling), dinsdag 10 april 1973

Hoofdtekst

Ik wie ûnder tsjinst. Yn dy tiid moest ik in protte rinne. Fytsen waerden der net brûkt. Ik reizge hinne en wer fan 'e Westerein nei Assen ta.
Op in kear gong ik wer mei de trein fan 'e Westerein nei Grins en doe moest ik fierder rinne nei Assen.
Doe trof ik dêr in wein. Ik frege of ik mei ride mocht.
Doe sei de man: "Ik bin fol."
Der leinen fjouwer tonnen op 'e wein. Ik klaude achter op 'e wein op ien fan 'e tonnen, en doe krûpte ik yn sa'n tonne. Mar doe't de wein oer de hege brêge to Grins moest rolle doe net krekt de tonne dêr't ik yn siet fan 'e wein yn 't wetter?
Ik makke gau dat ik út 'e tonne wei kom en ik swom nei de kant ta. Doe wie 'k trochwiet en sa kâld as in stien.
't Wie yn 'e hjerst en lang net myld. Ik roan in eintsje de dyk del en doe seach ik in hûs yn 'e fierte. Der kaem krekt in juffer ta de doar út. Ik tocht: "Sil ik dêr hinne?" Ik seach nei 't hûs en doe die de juffer de doar op slot en lei de kaei boppe op 'e richel.
Moai sa, tocht ik.
De juffer gong fuort en ik sette op it hûs ta. Ik makke de doar los mei de kaei en lei de kaei wer op 'e richel del.
't Wie waerm yn 'e hûs. De kachel brânde moai. Ik gong der foar stean, sa koe 'k my fijn droegje.
De juffer bleau in hiel skoft fuort. Hja hie de feint fan it stasjon helle. En ik stie dêr wylst mar by har yn 'e hûs en liet myn klean droegje.
Doe hearde ik dat der guon by de doar wienen. De stappen kamen tichterby. Ik tocht: ik mat hjir wei. Doe krûpte ik achter in kast.
De feint en de faem gongen njonken elkoar by de kachel sitten. Ik die oars neat as loeren, dêr achter dy kast, hwant ik wie nijsgjirrich en woe wite hwat der gebeurde.
Ik wie grif in bytsje ûnfoarsichtich, hwant samar ynienen foel de hiele kast ûnderstoboven.
De beiden skrokken har in aep en dat wie hals oer de kop derút.
Ik hie yn 'e gaten, ik moest ek sjen dat ik fuort kom.
Der stie in bult hea bûtendoar. Ik gong boven op dy bult yn 't hea lizzen.
Doe kommen dy feint en de faem der stadich oanrinnen.
Ik hearde dat de faem him Geart neamde.
Under 'e heaberch bleauwen de feint en de faem stean.
Geart hie syn faem hwat biloofd. Hy soe mei har in nûmerke meitsje. Dat soe dêr oangean. Hja gongen der by lizzen. Mar de faem makke noch biswieren. Hja sei tsjin Geart: "As der nou ris hwat fan komt?"
Doe sei Geart: "O, dêr rêdt dy der boppe wol mei!"
Dat hearde ik, mar dêr wie ik it lang net mei iens. Ik sei: "Om 'e donder net, hear. Dêr haw ik neat mei noadich."
Doe woarden dy feint en dy faem sa kjel, dat sy setten de sokken der yn en doe naeide ik ek mar út.

Onderwerp

AT 1355C - The Lord Above Will Provide    AT 1355C - The Lord Above Will Provide   

ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.    ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   

Beschrijving

Ik moest altijd ver lopen. Op een dag vroeg ik of ik meemocht met een wagen, maar die was vol. Er lagen 4 tonnen op, ik verstopte me in een van de tonnen, maar bij de hoge brug rolde precies die ton het water in. Kletsnat en koud rende ik een eindje en zag toen een huis dat net door een juffrouw op slot werd gedaan. Toen ze weg was, pakte ik de sleutel en warmde me aan de kachel. Zodra ik geluiden hoorde verstopte ik me achter de kast. Maar ik was nieuwsgierig naar wat de juffrouw en die man deden en boog me voorover, waarop de kast omver donderde. Ze schrokken en renden weg. Ik zag een hooiberg en ging daar bovenop liggen. De juffrouw en de man gingen daar precies onder staan en wilden een potje gaan vrijen, maar de juffrouw had wat bedenkingen: wat nou als er iets van komt? De man zei geruststellend: o, dan zorgt Hij Daarboven er wel voor. Waarop ik riep dat ik dat niet van plan was.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1001, verhaal 40 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

10 april 1973
The Lord Above Will Provide

Naam Overig in Tekst

Geart    Geart   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Assen    Assen   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21