Hoofdtekst
Op in joune let wie ik noch bûten. 't Wie mistich waer. De trein kaem krekt yn 'e Westerein oan. Doe seach ik dêr Bouke Koaning útstappen, in âlderling fan 'e herfoarme tsjerke fan Twizelerheide. Hy hie noch ien by him, dat wie in moai lang persoan, mar fierder koe 'k net sjen hoe't hy der út seach.
Doe waerd der ynienen fan omheech tsjin my sein: "Dêr giet de doomny fan Twizelerheide hinne en hy bliuwt hjir yn lingte fan dagen."
Ik wie tige ûnder 'e yndruk fan dit gefal, fral omdat it my troch God meidield wie. Ik sei tsjin 'e frou: "Dit wol ik tsjin Bouke Koaning sizze, dan wit er hoe it komt." Mar myn frou sei: "Dat gebeurt net. De minsken sizze skielk noch: - Dêr rint dy âlde profeet ek hinne -."
Doe haw ik it net dien.
Deselde dy't ik by Bouke sjoen hie wie yndied in doomny. 't Wie ds. Batelaan, dy't de oare deis op birop preekje soe. Dy wie doe noch frijgesel. 25 jier hat er dêr yn Twizelerheide stien. Al dy tiid hat er noait in birop hawn.
De oare moarns sei 'k tsjin myn frou: "'k Ha wèr hwat nijs foar Bouke Koaning. Hwant dy doomny bliuwt dêr net yn Twizelerheide yn lingte fan dagen, mar yn lingte fan jaren."
God hie 't my dy nachts meidield.
Mar myn frou woe dêr net fan wite.
Ik bin faek dingen gewaer woarn troch in hegere macht, mar dat wol ik hjir net fortelle.

Beschrijving
Op een mistige avond zag ik een ouderling lopen met een lange onbekende persoon naast hem. Ik kreeg van God de boodschap dat die persoon tot in lengte van dagen dominee zou zijn. Inderdaad bleek dat het geval. Hij was dominee en preekte de volgende dag en bleef dat nog 25 jaar doen, zonder een officieel beroep. Op een nacht kreeg ik de boodschap door dat hij zelfs tot in lengte van jaren zou blijven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1004, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 mei 1973
Naam Overig in Tekst
Bouke Koaning   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Twizelerheide   
Batelaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21