Hoofdtekst
Myn frou en ik wennen by heit en dy yn. Wy krigen in jonkje. Dat like earst allegear goed. Mar doe't it bern in wike of tolve âld wie bigoun it to tsjirmjen. En myn wiif krige yn dy tiid swolme boarsten.
Wy hienen in âld buorfrou, en dy kaem wol gauris by ús.
It jonkje tarde út. It lei altyd mar mei de holle achteroer op it kessen en dan skodde it kopke mar hinne en wer.
Op in kear doe't wy ris oer tsjoensters praetten, sei ús heit: "Dat bern kin wolris bitsjoend wêze." Sa kaem er ris in kear út it hok wei, doe bigoun it bern wer to gûlen.
"Dû mast it kessen ris iepen meitsje", sei er tsjin myn wiif.
Myn wiif krige it jonkje fan 't bêd. Hja seach it kessen nei en doe hie se al gau in stik yn 'e hannen. Mei de tosken skuorde se it kessen stikken en doe kamen der trije krânsen foar 't ljocht. Ien fan dy trije wie noch net hielendal klear. Hie dat it gefal west dan wie it bern stoarn. Doe krige myn broer de fyts en ried nei 't Wytfean ta, nei Jonge Jan, de duvelbander.
Jonge Jan sei tsjin him: "Gean mar gerust wer nei hûs ta hwant it jonkje stjert hjir net oan." Myn broer hie de krânsen meinom nei de duvelbander ta. Doe sei er noch: "Der meije gjin egen oer de krânsen gean. En," frege er, "hat der ek ien west op it stuit dat jimme dy krânsen út it kessen hellen? Hâld d_ yn 'e gaten."
It wie sa. Doe't myn wiif de krânsen tofoarskyn helle kaem krekt de buorfrou út 'e trein hastich nei ús ta. Hja hie nei Ljouwert ta west en hie de pronk oan. Hja frege fuort nei 't berntsje en bûgde har oer 't jonkje hinne wylst de kralen dy't se om 'e hals hie it bernekopke rekken.
Hwerom moest hja út 'e trein fuortdaliks nei ús ta ynpleats fan nei hûs ta to gean?
It wie sa dúdlik as hwat dat hja de tsjoenster wie.
It bern woe fan stonden oan wer drinke en it gûlde net mear.
Doe't de dokter kom wist dy net hwat er seach. Se koenen it bern oars noait hwat takrije as mei in leppeltsje en dan mei greate muoite. Nou dronk it him sêd sûnder leppeltsje.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Ons kind begon vanaf 12 maanden opeens te kermen en te huilen. Vader vroeg zich af of het behekst was. Mijn vrouw kreeg in dezelfde tijd gezwollen borsten. We maakten het kussen open waarop hij altijd met zijn hoofdje heen en weer lag te rollen. Er kwamen drie kransen uit, waarvan de laatste nog niet af was. Volgens de duivelbanner moesten we bedenken wie de kransen had gezien bij het openmaken. Dat was de buurvrouw, die was helemaal opgedoft uit de stad teruggekomen, en was linea recta vanuit de trein naar ons huis gegaan. De kralen om haar hals hadden het hoofdje van het kind geraakt. Vanaf dat moment was het over en dronk het kind ook weer gewoon.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1007, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 mei 1973
Heks maakt kind ziek; en TM 3109: Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Jonge Jan   
Naam Locatie in Tekst
Wytfean   
Witveen   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21