Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ100902

Een mop (mondeling), dinsdag 08 mei 1973

Hoofdtekst

Alde Jan en Tryn wennen yn 'e bosk. Hja hienen froeger fé en jild hawn, mar dêr wie neat fan oerbleaun. Hja hienen it och sa earm.
Faek moest Tryn weromtinke oan 'e goede tiden fan froeger, doe't se noch gjin gebrek hienen.
Och, sei se soms, hwat woe ik graech in winsk dwaen.
Doe wie se op in kear yn 'e bosk to priksykjen. Jan siet thús. Doe seach se ynienen in dame yn it wyt. Dat wie in fé.
Mar dat wist Tryn net. Hja soe fuortrinne, mar doe bigoun dy dame tsjin har to praten.
"Rin mar net fuort," sei se, "hwant ik bin in fé."
Doe bleau Tryn stean. En doe bigoun dy fé wer to praten.
"Jimme meije trije winsken dwaen", sei se.
Doe't Tryn dat hearde wie se o sa bliid. Hja makke gau dat se thús kaem en fortelde Jan hwat de fé sein hie.
"Trije winsken mei 'k dwaen", sei se.
Jan sei: "As 't kin wol ik ek graech in winsk dwaen."
Dat wie Tryn goed. Doe krige Tryn sin oan in flaubyt en hja sei: "Ik woe wol dat de tafel fol woarsten lei." Hwant hja hie yn gjin jierren woarst preaun.
Hja hie 't net sein of dêr lei de tafel oerladen mei woarsten. Mar doe wie Jan lulk. Hie se nou wol dommer winsk útsprekke kind?
"Suffert," sei er koart, "ik woe wol dat dy in woarst oan 'e noas hong." Mar dat wie noch folle dommer winsk, hwant yn in tel wie dat it gefal. Dêr stie Tryn mei in woarst dy't har oan 'e noas bongele.
Doe sei Jan: "Wacht, ik snij him dy wol fan 'e noas."
Mar elke kear as er dat die kom der út himsels wer in nije woarst oan. Op 't lêst hied er wol in weinfol woarsten. Dit koe sa net bliuwe. Tryn die oars neat as gûlen. Hjir moest in ein oan komme.
"Wy ha noch ien winsk," sei Jan, "en dy sil ik útsprekke. Nou winskje ik dat de woarst der wer ôf giet."
Doe't er dat sein hie wie de noas fan Tryn wer frij.
Mar hja wienen noch krekt like earm as foarhinne.
Allinne koenen se wiken lang alle dagen woarsten ite.

Onderwerp

ATU 0750A - The Three Wishes    ATU 0750A - The Three Wishes   

Beschrijving

Een arm echtpaar mag op een dag van een fee drie wensen doen. De vrouw denkt aan eten en wenst worst, die direct op tafel komt. De man vindt het een domme wens en zegt: ik wou dat die worst aan je neus hing, wat ook meteen gebeurt. Iedere keer dat ze de worst eraf snijden groeit die vanzelf weer aan, dus er zit niets anders op dan de worst weg te wensen, waarna ze weer even arm zijn als tevoren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1009, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 mei 1973
The Wishes

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Tryn    Tryn   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21