Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101221

Een sage (mondeling), zaterdag 12 mei 1973

Hoofdtekst

Yn Drachtster Kompenije wenne in man dy hie in siik hynder. It dier wie der slim oan ta. Doe gong dy man mei 't wetter fan 't hynder nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean.
Hinse joech him in drank mei, dêr moest er fral goed op passe en dêr it hynder fuort fan ynjaen, hwant der wie haest by.
Dy man gong der mei op hûs ta, mar ûnderweis moest er om in hekke hinne.
"Och heden," sei Hinse tsjin syn frou, "dêr brekt my dy koalle de drank ek noch, ik mei fuort wol in nijen rémeitsje."
Dat, doe't dy man werom kom om in nije drank, stie dy al foar him klear. Hinse wist dat de foarige brutsen wie.

Onderwerp

TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner    TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   

Beschrijving

Hinse had een ziek paard. Hij ging met de urine naar een duivelbanner en kreeg een drankje mee dat hij zo snel mogelijk moest toedienen. Hij ging snel op weg, maar daar stond opeens een hek. Het flesje brak en Hinse rende terug om een nieuw drankje te halen. Dat stond al klaar want de duivelbanner wist al dat het vorige gebroken was.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1012, verhaal 21 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

12 mei 1973
Het drankje van de duivelbanner

Naam Overig in Tekst

Hinse Jehannes de Boer    Hinse Jehannes de Boer   

Naam Locatie in Tekst

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Swartfean    Swartfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21