Hoofdtekst
Der wenne in faem yn Eastemar. Dat fanke hie forkearing mei in feint, mar dy feint kom to forstjerren, en woarde op it tsjerkhôf bigroeven.
Op in joun wie hja by oar jongfolk. Doe seinen se tsjin har: "doarstû wol by nacht nei it graef fan dyn feint ta gean?"
"Jawol", sei se.
Hja woenen it net leauwe. Mar, as biwiis soe hja in biezemstok meinimme en dy yn 'e groun triuwe boppe 't graef fan har frijer.
Dy nachts gong de faem nei 't tsjerkhôf ta mei in biezemstok. It waeide ta. Doe't hja by 't graef stie soe hja gau de stok yn 'e groun triuwe en dan fuort werom.
Mar doe't se de stok yn 'e groun treaun hie koe se net wer fuortkomme. Hja waerd fêsthâlden en hja foel yn swym. De oare deis ha se har dêr weihelle. Hja hie de stok troch de rok hinnestutsen, dy't troch in wynpûster útwaeid wie.
Nei dy tiid wie de faem net mear goed mei de holle.

Onderwerp
AT 1676B - Clothing Caught in Graveyard   
ATU 1676B - Frightened to Death   
Beschrijving
Een meisje had verkering, maar haar vrijer stierf en werd begraven. Op een dag vroegen wat jongelui of ze 's nachts naar het graf van haar vrijer durfde. Als bewijs moest ze een bezemsteel boven het graf in de grond steken. Toen ze dat probeerde, lukte het niet: het leek of ze werd vastgehouden. Het meisje viel flauw en werd de volgende dag gevonden met de stok door haar rok in de grond gestoken. Vanaf dat moment was ze niet meer goed bij haar hoofd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1012, verhaal 22 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
12 mei 1973
Clothing Caught in Graveyard
Naam Overig in Tekst
Eastemar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21