Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101624

Een mop (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie ris in jonge doomny, dy soe foar 't earst op 'e preekstoel. Omdat it de earste kear wie wie 't mantsje frijhwat senuwachtich.
De skiedende doomny soe ek yn 'e tsjerke wêze en dy soe him hwat ta treast wêze.
Krekt foardat de jonge doomny yn 'e tsjerke kaem, hâldde de skiedende doomny him oan en sei: "Dû hoechst hielendal net senuwachtich to wêzen." Doe sei er: "Der stiet altyd wetter op 'e katheder. Jitst dat wetter der mar út. Der stiet wol in blombak, dêr jitst it wetter mar yn. En dan dochst mar in goed soad jenever yn it glês en dêr nimst altomets in slok fan. En doe joech er him in flesse jenever, dy't er ûnder 'e toga forburch.
De jonge doomny die lykas syn kollega him oanret hie. Hy die in goeije skoat jenever yn 't glês en naem dêr nou en dan in dikke slok fan.
Hy hâldde in preek dy't klonk as in klok. Foar de earste kear wie 't seldsum.
Doe't de tsjerketsjinst ôfroun wie, doe sei er tsjin 'e skiedende doomny: "Hoe ha 'k it der eins ôfbrocht?"
Doe sei dy: "Monster-, monster-, monsterachtich. Foar de earste kear wie 't geweldich. Allinne wie 't spitich datstû dy twa kear forsind haste."
"Hoe kin dat?" frege de jonge doomny.
"Dû seiste: Kain skeat Abel dea. Dat koe net. Der wienen yn dy tiid noch gjin gewearen. Dat wie dyn earste flater.
En de twadde wie dizze: doe't de preek út wie, seistû net fan 'amen', mar 'proost'."

Onderwerp

TM 8059 - Eerste preek met borrel op    TM 8059 - Eerste preek met borrel op   

Beschrijving

Een jonge dominee is zenuwachtig voor zijn eerste preek, maar de scheidende dominee stelt hem gerust. Hij raadt hem aan het water op de katheder weg te gooien en het glas te vullen met jenever. Onder de preek neemt de dominee steeds een slok, en de preek loopt fantastisch. Enige minpuntjes zijn twee versprekingen: hij zegt dat Kaïn Abel doodschoot, en aan het eind zei hij "proost" in plaats van "amen".

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 24 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
Eerste preek met borrel op

Naam Overig in Tekst

Abel    Abel   

Naam Locatie in Tekst

Kaïn    Kaïn   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21