Hoofdtekst
Der wie in feint, dy wenne by in boer. 't Wie yn 'e winter en hja ieten dy middeis snert.
Ynpleats fan dat de frou der spek yn dien hie, hie se der allegear stikjes ierpel yn bisean, dat wol in bytsje op spek like. 't Wienen deune minsken.
Doe sei dy feint: "Forrek, ik miende dat ik spek yn 'e panne hie en 't binne allegearre stikjes ierpel."
't Wie kâld ûnlijich waer, bûten sniejage it.
Doe sei de boer tsjin 'e feint: "Ast net gau seiste dat it stikjes spek binne, dan giest fuort de laan uit."
It minne waer lake de jonge net ta, dat doe sei er mar:
"Ja, hear boer, 't is spek." Mar hy tocht: "ik krij dy wol wer."
Letter wie 't yn 'e simmer en sy sieten by de boer yn 't hea, doe kaem dêr in hiele dikke kat út in reak wei.
Doe sei de feint tsjin 'e boer: "Matte jo ris sjen, sa'n dikke hazze."
De boer sei: "Hoe komst der by? 't Is net in hazze. 't Is in kat."
Doe sei de feint: "As jo net gau sizze dat it in hazze is, gean 'k opslach fuort."
De boer wie forlegen om help en koe dy feint net misse, dêrom sei er mar gau: "Ja hear, 't is in hazze."

Onderwerp
AT 1565** - Turnips as Bacon   
ATU 1565** - Turnips as Bacon.   
Beschrijving
Een knecht krijgt bij de boer erwtensoep terwijl het buiten ijskoud is. Er zitten stukjes aardappel in, maar de boer beweert dat het spek, is, en als de knecht dat ontkent, wordt hij ontslagen. Hij kiest eieren voor zijn geld. Op een dag in de zomer als ze aan het hooien zijn komt er een dikke kat aanlopen. De knecht zegt: kijk, een dikke haas. De boer zegt dat het een kat is, maar dan zegt de knecht dat als hij niet toegeeft dat het een haas is, dat hij dan weggaat. Nu heeft de boer hem nodig.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 23 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
21 mei 1973
Turnips as Bacon
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21