Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101701

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Wibe en Saepke wennen op 'e Dwarsfeart.
Wibe mocht graech strope. Op in kear gong er mei syn gewear it fjild yn, doe skeat er in hazze. Dy wie binnen.
Mar de boskwachter hie 't sjoen, op in distânsje.
Mar Wibe wist to ûntkommen. Mar hy hie wol yn 'e gaten dat dy fint him neikomme soe.
Doe't er thús kaem sei er tsjin Saepke: "Dû de kolf yn 'e broek en ik doch de loop yn 'e broek. En dan goai ik de hazze yn 'e bernewein by de lytse jonge."
Doe sei er tsjin 't âldste jonkje: "Dû seist neat hear, as hjir ien komt. Dan krijst ek in kwartsje fan heit foar in ijsko."
Doe kaem dy man der an en doe sei dy tsjin 't jonkje: "Hwer is jimme heit?"
"Heit is yn 'e hûs", sei 't jonkje.
Doe praette dy boskwachter mei Wibe sels.
"Ik ha dy sjoen yn 'e bosk", sei er.
Wibe sei: "Ik ha noait fuort west."
Doe sei 't jonkje: "Ik wyt dêrom wol hwat, mar ik mei 't net sizze. Hwant as ik neat siz krij 'k in kwartsje fan heit."
Doe sei de boskwachter: "Dû krijst fan my twa kwartsjes. Dan mastû my fortelle hwatst der fan ôf wiste."
"Nou," sei 't jonkje, "ús mem hat in ding yn 'e broek en ús heit hat in ding yn 'e broek. En hwat der mei sketten wurdt leit yn 'e bernewein."

Beschrijving

Wibe is aan het stropen. Hij schiet een haas, maar de boswachter heeft het op een afstand ook gezien en volgt hem naar huis. Daar zegt Wibe snel dat zijn vrouw de kolf in haar broek moet stoppen; hijzelf stopt de loop van het geweer erin en de haas gooit hij in de kinderwagen bij de baby. Als zijn andere zoon zwijgt krijgt hij een kwartje voor een ijsje. Dan komt de boswachter die zegt dat Wibe gestroopt heeft. Wibe ontkent, maar dan zegt de jongen dat hij niks kan zeggen omdat hij anders geen kwartje krijgt. De boswachter belooft hem twee kwartjes als hij alles vertelt. De jongen: moeder heeft iets in haar broek, vader heeft iets in zijn broek, en wat ze samen geschoten hebben ligt daar in de kinderwagen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Naam Overig in Tekst

Wibe    Wibe   

Saepke    Saepke   

Naam Locatie in Tekst

Dwarsfeart    Dwarsfeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21