Hoofdtekst
Twa jonges dy't soldaet wurde moesten, hienen togearre ôfpraet dat se har ôfkeure litte soenen. En doe joegen se oan 'e keuringsdokters op dat se sa min sjen koenen. Allerhande dokters ûndersochten de beiden.
Doe sei der ien tsjin 'e beide jonges: "Trek je hemd maar weer aan, en volg mij maar."
Doe kommen se yn in oar fortrek. Dêr liet er har op in great boerd allegear letters lêze: A B C D.
Mar hja seagen der beide neat fan. Doe sei de dokter: "Jullie moeten maar eens wachten. Ik kom zo meteen weer terug." Doe hie dy dokter in neaken frommeske yn ien fan 'e iepen doarren delset op in greate distânsje.
Doe sei er tsjin 'e beide jonges: "Wat staat er in die deur? Wat zien jullie daar nou?"
Doe seinen se: "Niks, dokter."
Doe sei er: "Tillen jullie je hemd eens op aan de voorkant."
Doe't se dat dien hienen, sei er "Allebeide goedgekeurd."

Onderwerp
TM 6007 - De dienstplicht ontkomen   
Beschrijving
Twee jongens proberen de dienstplicht te ontduiken door bij de keuringsarts te doen of ze slechtziend zijn. De letters kunnen ze niet lezen. Vervolgens zet de arts een blote vrouw in de deuropening op aanzienlijke afstand van de jongens. Hij vraagt ze wat ze zien, en ze zeggen: niks. Maar als de dokter ze vraagt hun hemd van voren omhoog te doen weet hij genoeg: goedgekeurd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 34 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
21 mei 1973
De dienstplicht ontkomen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21