Hoofdtekst
Wybren Koopmans wie kroechbaes yn 'e wurkforskaffing. Op it wurk fortelde hy dat er ris mei in kammeraet in pream mei takkebosken ophelle hie. Hy wie sels oan 'e trilkerpeal en syn maet yn 'e line.
Doe seach er op 'e kant hwat frouljy by elkoar stean to kwebbeljen. Doe frege er: "Hwer wennet hjir in de Haan?"
Doe seinen dy froulju: "Hjir wennet yn 'e hele omgeving net in de Haan."
Doe sei er: "Hwa naeit hjir de hinnen dan?"
In eintsje fierder stie in frommes mei bleate fuotten op 't bjinstap to bushimmeljen. Doe sei er tsjin dat minske:
"Hwat ha jo dêr in pear allerivichstmoaije hoazzen an."
Dat minske wie ek net op 'e bek fallen en sei prompt dêrop:
"Sa'n broek ha 'k ek an, mar dêr sitte twa gatten yn."

Beschrijving
Een kroegbaas vertelde van iemand die met een praam takken moest vervoeren toen hij aan de kant pratende vrouwen zag. Hij vroeg of hier ergens de haan was? De vrouwen antwoordden dat er geen De Haan in de omgeving was. Hij: waar laten jullie dan je kippen naaien? Verderop stond een vrouw met blote voeten melkbussen schoon te maken. Hij zei dat ze zulke mooie kousen aan had, waarop ze zei: ik draag ook zo'n broek, maar dan met twee gaten erin.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Naam Overig in Tekst
Wybren Koopmans   
Naam Locatie in Tekst
De Haan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21