Hoofdtekst
Der wie in man, dy hie trije hintsjes kocht fan in readen, in S.D.A.P.-er. Doe't er dêrmei thús kaem sei 't wiif tsjin him: "Wy moesten der eins nòch trije by ha."
De man gong der wer op út en doe kocht er trije hintsjes fan in grifformearde boer.
Doe sei 't minske: "Wiste hwat wy moesten? Wy moesten der eins ek noch in hoantsje by ha. Dan kinne wy sels briede."
Dat gebeurde.
Op in moarntiid bitiid, doe leinen dy man en dy frou noch op bêd, doe sei it minske: "Hwat giet it der yn it hinnehok oan wei. Dû meist der wol ôf gean om to sjen."
De man fan bêd ôf en doe kaem er by 't hinnehok.
Doe sieten de trije hinnen dy't er fan de earste keardel kocht hie, by elkoarren en ek de trije dy't er fan 'e oare man kocht hie sieten byelkoar. En dêr stie de hoanne tusken.
De hinnen fan 'e reade songen oars neat as:
Spring mar achterop,
spring mar achterop (dat wie in bikende Schlager út dy tiid), mar dy fan 'e grifformearde boer songen oars net as
Wilt heden nu treden.

Beschrijving
Een man kocht 3 kippen van een socialist en daarna nog drie van een gereformeerde boer. Zijn vrouw stelde voor er een haan bij te nemen. Op een ochtend horen ze veel lawaai uit het kippenhok komen. De man gaat zijn bed uit om te kijken. Hij ziet de eerste drie kippen bij elkaar staan en de tweede, met de haan ertussen. De kippen van de rode boer zingen steeds "Spring maar achterop" en de kippen van de gereformeerde boer "Wilt heden nu treden".
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Naam Overig in Tekst
SDAP   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21