Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101717

Een mop (mondeling), woensdag 23 mei 1973

Hoofdtekst

Twa studinten roannen troch de stêd Grins. Hja wienen beide fan 'e medyske fakulteit.
Der rint ek in man yn 'e stêd, dy is foar har op. Dy rint hiel raer.
De iene studint makke de oare dêr opmurksum op en sei: "Dy man koe wolris kinderforlamming hawn ha."
De oare sei: "Ik tocht Ingelske sykte."
Doe sei de earste wer: "Sille wy dy man ris freegje? Dan witte wy 't."
Doe sei de iene tsjin 'e man: "Nim ús net kwealik, mar wy ha 't der mei ús beiden oer hawn dat jo nochal gebrekkich oer de wei rinne. Nou tocht ik dat jo Ingelske sykte hawn hienen en myn maet dy tocht, fan kinderverlamming."
"Nou," sei dat âld mantsje, dan hienen wy 't alle trije mis."
"Alle trije?" sei de iene studint, "jo dus ek?"
"Ja," sei it mantsje, "hwant it is gjin kinderverlamming dy't my skeelt en 't is ek gjin Ingelske sykte. Jimme hienen dus ûngelyk, mar ik ek: hwant ik miende dat it in poepke wie, mar 't wie in kakje."

Beschrijving

Twee medicijnenstudenten lopen door de stad wanneer ze een man nogal vreemd zien lopen. De een denkt dat het door kinderverlamming komt, en de ander door Engelse ziekte. Ze besluiten het te vragen waarop de man zegt dat ze het alle drie mis hebben. Hij zelf ook, want hij dacht dat hij een windje moest laten, toen hij in zijn broek poepte.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

23 mei 1973

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21